Weppers freedtemiddei 2-10

Weppers tongersdei 1-10
1 oktober 2009
Seleksjes sneon 3-10
1 oktober 2009

Berjocht fan Jan-Bouke
belangrijk bericht!!!!
Wie mist zijn telefoon het is een samsung uitklapbaar hij is vanmiddag gevonden bij het bewerken van de velden je kan hem ophalen bij,
J.B.Bouma  Dobbelan 4 Easterein

Klaverjasse

Nei it dikke ferlies fan SDS 1 en 3 ôfrûne sneon wienen Eeltsje, Jacob Kah, René en Dirk-Yde ek wol wer ris ta oan in winstpartij. Dan kinne je mar it best mei syn fjouweren klaverjassen gean, want dan witte je yn elts gefal dat der noch 2 mei in oerwinning nei hûs ta gean….. Dirk-Yde en René hienen sneon better mar op bêd lizzen bliuwe kinnen(klik hjir).

Kâlde brûs
Juster waard der troch Durk Okkema oan myn jaske lutsen dat de douches kâld wiene.
Dit kloppet, want der bin twa temperatuurregelaars stikken en dy binne besteld mar noch net binnen.
Sa dra se der binne sil it probleem oppakt wurde en hopelik kinne we dan wer waarm douche.
Feike Jorritsma
stichting Skoalleseize

Fjild
Nei in lange droege perioade lei it haadfjild der ferline sneon net al te best bij. Der is dizze wike wer in soad wurk fersetten om it better te krijen. It is trochsiedde en fannemoarn noch rolle. It lei der fannemoarn al in stik better bij.

Ti-ta-tattooskwis
Foarige wike koenen jim hjir de VI-Tita-tattookwis dwaan. Hylke Schrale wist der best
wol folle. Jim kinne de antwurden hjir fine(klik
hjir). Jaap Toering hie fansels hielendal gelyk dat hy fynt dat de moaiste tattoo fan Materazzi ûntbrekt:


Kalkje (1)
By SDS binne wy wiis mei ús kalkers. By de Ingelske klup Worle FC wienen sy wat minder wiis mei in stel kalkers:


Kalkje (2)
Wij hawwe begrepen dat de kalkers fan SDS fannemoarn besocht hawwe dizze moaie kreaazje nei te meitsjen: de rûntsjes gie best mar omheech, woe net goed mear. Te âlde kalkers tink.

Fuotbalplaatsjes
Moandeitemoarn sille der wol grutte rijen stean foar de Jumbo yn Wommels. Dan begjint namelijk de fuotbalplaatsjesaksje. By elke €10 boadskippen krije je in pûtsje mei échte SDS-fuotbalplaatsjes. Wy binne tige benijd. Wa hat as earste it boek fol of as earste beide wepmasters?

“De moaiste hast-goals” (1)
Fan ‘e wike seagen wy dat Ribéry fan Bayern München tsjin Juventus nei in geweldige aksje de bal krekt oer de goal hinne skeat. Spitich want dêrtroch sjogge je sa’n geweldige aksje nea wer werom om ’t it gjin goal wie. Hjoed en nije wike kinne jim hjir de 10 moaiste aksjes sjen dy ’t gjin goals opleveren. Yn it Ingelsk neame se dat : “the greatest almost goals”. Wy dus “de moaiste hast-goals”. Hjoed dus Ribéry: