Weppers to…… 18-2

Weppers tiisdei 16-2
15 februari 2016
Seleksjes sneon 20-2
18 februari 2016

Toch goed oefene
Justerjûn hawwe de fammen fan SDS VR1 oefene yn Seisbierum tsjin AVC VR1. In nuttich potsje, mar it slagge SDS Vr.1 net om te skoren. SDS ferlear úteinlik mei 2-0.

Tongersdeitejûnsgearkomst
De A-junioaren sille jûn nei it trainen efkes mei syn allen en trainer Remco Bervoets en leider Tjerk om tafel om harren optimaal ta te rieden op de thúswedstryd kommende sneon tsjin nûmer 3, GAVC A1.

Tongersdeitejûnskantine
Fannejûn wurdt it fêst wer in noflike jûn yn de kantine, want de noflikste SDS’er Sjoerd Rispens mei jûn bardraaie en dêrneist is der ek noch Europa-League-fuotbal op it grutte skerm.

Toffe karakteristiken
Sneon moat SDS 1 tsjin DeWitePeal 1. VoetbalNederlân hat wat dingen op in rychje set oer de histoarje fan dizze twa klups. Sjoch
hjir.

Top
Kommende sneon sil Sjoerd van Beem op ‘e nij flagje by SDS 1. Forza SDS!

Topper nei ONS
Arjen Stremler is per direkt fuotbaljen gien by ONS yn Snits. By SDS fuotballe Arjen al yn de D1, mar hy mei noch yn de E’s. Dit seit genôch oer syn kwaliteiten. By ONS hat hy wat proefwedstriden fuotballe en dat foldie fan beide kanten sa goed dat Arjen lyk by ONS E1 fuotbaljen giet. Wy hoopje dat it him skjin foldocht by ONS en mocht hy werom wolle nei SDS dan is hy fansels altiten wolkom!

Tot de simmer-kompetysje-yndielingen jeugd
De nije kompetysje-yndielingen fan it foarjier foar de jeugdteams steane no allegear hjir op de webside by de betreffende teams. 

Tomme
De sealfuotballers fan SDS ferlearen tiisdei mei 4-0 fan Workum 3. Op himsels net sa ’n probleem, mar der is fansels neat oan dat je je tomme dan út de kom rekket. Dochs de tomme omheech fan Bas de Haan, want sy hienen him sa wer setten yn it sikenhûs.


Tot sneon 19.00 oere om de SDS-League yn te leverjen
Doch ek mei oan de nije SDS-League en lever je team yn foar kommende sneon 20 febrewaris 19.00 oere! Klik hjir om der alles oer te lêzen en it ynskriuwformulier del te heljen. Jûn en sneon sille der ek eksemplaren yn de kantine lizze.

Totti
Fransesco Totti hat noch in jier bytekene by AS Roma, mar dat wol net sizze dat hy net meidocht oan de SDS-League. Hy sit sa faak op de reservebank dat hy genôch tiid hat om in moai team gear te stallen. Dêrneist hat hy der ek noch efkes in kreas listje om dien….
 
Fransesco Totti mei syn team; “Rea de Roma”!

Toe no, harsens derby (1672)
Mei dat keunstgers folgend seizoen by SDS is it al wichtich om de goals ged fêst te setten.







Toch letter miskien wol mear!