Weppers tiisdei 16-2

De nije SDS-League!
15 februari 2016
Weppers to…… 18-2
17 februari 2016

SDS 1 – DWP 1
Kommende sneon mei SDS 1 dan eindelijk thús wer ris los. De wedstryd tsjin DWP 1 stiet op it programma.

Skorst
Erik Haitsma hat sneon syn 5e giele kaart fan it seizoen pakt en dat betsjut dat hy sneon skorst is.

Workum 1 – SDS 1
Mochten jim sneon de oerwinning fan SDS 1 net sjoen hawwe, dan kin dat no noch. Op dizze bylden binne de doelpunten ek te sjen. Minút 24.30, 40.30, 52.20 en 55.20.

Tiisdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS meie tiisdeitejûn út tsjin Workum 3.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De mannen fan SDS 3 en 4 sille woansdeitejûn yn de seal traine fanôf 20.30 oere. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Torpedo Toering***
De earste lju hawwe harren nije team foar de SDS League al ynlevere. En dat wienen net de minsten. Sa krigen wy Jaap Toering syn team “Torpedo Toering ***” ek al troch de bus. Wêr ’t dy trije krúskes foar stean? Trije kear de SDS-League wûn fansels……..
Klik hjir foar alles oer de SDS-League.
Der lizze ek formulieren yn de kantine.

Gelokstreffers
By de Staatsloterij hawwe sy no in aksje wêr ’t je sels €5000,- better fan wurde en ek SDS €5000,- better fan wurdt. En it is noch fergees ek. Je kinne der hjir alles oer lêze: https://www.gelukstreffers.nl/club

Oare planeet

Twa Brandsma’s en twa de Boeren wiene snein bij Barcelona – Celta de Vigo. Foardat se it hardrockkafe yndûkten krigen wij dizze twiit. Kanttekening: Eddy wurdt de lêste jierren net ferwend mei it spul fan syn klup Ajax.

Harsens derby (1671)
Dit is net sa handich…………



Letter miskien mear!