Weppers tiisdei 9-4-2019

Sneon 6-4-2019
5 april 2019
SDS-League: ‘Dirk’s Angels’ pakt de wykpriis!
10 april 2019

SDS/Nijland JO15-2 yn de groei!

Ôfrûne sneon moasten we thús tsjin SC Bolsward Jo15-3.
De útwedstriid hiene we mei 2-6 wûn. We koene mei fertrouen de wedstriid yn. Mar ek Boalsert hie dat fertrouen. Sa waard it fanôf it begjin in striid op it middenfjild. Beide ferdedigingen hiene de doar achteryn goed ticht. Beide helften gjin grutte kânsen. Al hie Boalsert út in counter yn de twadde helte score kinnen, ús keeper wie wer skerp en pakte de bal. Ús kânsen wiene der ek, mar net grut genôch.
Min puntsje wie it moeilijk fêsthâlden fan de bal. En mei it wikseljen fan ús middenfjild is dat ek dreech.
We moatte noch lere op meerdere plakken ús rol te finen.
De útslach fan 0-0 wie dan terjochte en passe bij de wedstriid. Striid om it middenfjild en beide de saak goed ticht foar de goal. Ús ferdiediging stiet, de groei sit der fjirder goed yn. Siet sneon dêrom net mear yn️.
Team Jo15-2!

SDS JO13-1

SDS JO13-1 hie it sneon foaral de twadde helte op de heupen tsjin Delfstrahuizen JO13-1. By de rêst stie SDS mei 2-0 efter, mar wûn úteinlik mei 8-2……….

Nije foto

Us haadtrainer wol graach eltse moanne in nije foto. Dit is noch dy fan maart 😉

Sneon 18 maaie

Sneon 25 maaie

Jou dy no hjir op!

Harsens derby (2124)

Wim Kieft hat yn it ferline in bult goals makke. Hy miste allinnich ek wolris………..