Weppers tiisdei 7-7

SC Heerenveen-MVV-weppers
6 juli 2015
Oefenskema+seleksje SDS 2
9 juli 2015

Teamyndielingen jeugd
Alle teamyndielingen fan de jeugd fan SDS kinne jim links fine ûnder it kopke “jeugd”.

Kompetysje-yndielingen
As ien kear de teamyndielingen bekend binne dan sjogge je út nei de kompetysje-yndielingen. Dy fan SDS 1 is al bekend, mar de rest lit noch op him wachtsje. De oare yndielingen (konsepten) foar de senioaren en froulju wurde rûn 17 july bekend makke. Dy fan de jeugd op 24 july en dy fan de E’s en F’kes net earder as yn augustus.

Beker programma
It bekerprogramma sil rûn 10 july bekend makke wurde oangeande SDS 1. De rest fan de beryndielingen sil rûn 23 july bekend makke wurde.

Spyldagenkalinder 2015-2016
De spyldagenkalinder 2015-2016 is al wol klear. Dy kinne jim
hjir sjen.

Simmeraginda
Mochten jim nei SC Heerenveen – MVV op 17 july net mear witte wat je fan ’t simmer allegear dwaan kinne dan kinne je altiten efkes yn ús
SDS-aginda sjen.

Skuon mei!
Fia Twitter makke ús favorite fuotbalkollumnist Sjoerd Mossou ús noch efkes attint op ien fan de moaiste fuotbalferhalen ea. Moraal fan it ferhaal; “ferjit net de fuotbalskuon mei te nimmen nei SC Heerenveen – MVV!” (klik hjir).

Harsens derby(1523)
Mar moai dat der dochs noch ien frou is dy ’t de harsens derby hâldt!