SC Heerenveen-MVV-weppers

Weppers snein 5-7
5 juli 2015
Weppers tiisdei 7-7
7 juli 2015

Fergees nei SC Heerenveen – MVV!
Foar al dy jeugdleden fan SDS dy ‘t SDS-keunstgerslotten ferkocht hawwe en bern út de SDS-Minileague is de yntree fergees!
Dit jild ek foar froulju fan Vr.1 en Vr.2 o/m 18 jier.
De A’s en de B’s kinne harren kaartsje ophelje by:
Tjerk van der Pol, Geins 5, Wommels
De rest kin in kaartsje op namme ophelje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Douwe-Dirk-Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach sa gau mooglik!

Frijwilligers SC Heerenveen – MVV
Wa ’t it wol wat liket om mei de wedstryd SC Heerenveen – MVV op freed 17 july frijwilliger te wêzen mei him of har wol opjaan fia
info@vv-sds.nl. Wy sykje noch kofjeskinkers, stewards, frisferkeapers, memmen, alleskinners, opbouers, ôfbrekkers, ensfh.

Wedstrydstiper SC Heerenveen – MVV
Foar €25,- kinne je wedstrydstiper wurde fan SC Heerenveen – MVV. Hjirfoar krije je ien frijkaart en je namme komt yn it programmaboekje te stean. Klik
hjir om je op te jaan.

Foarferkeap SC Heerenveen – MVV
De foarferkeap foar SC Heerenveen – MVV is yn folle gong. Je kinne kaarten krije by JUMBO Wommels, Camping de Finne yn Reahûs en by Douwe Reitsma, Smidslân 11 yn Easterein. Kaarten yn de foarferkeap koste foar folwoeksenen €8,- en foar bern o/m 14 jier €4,-.
Oan de kassa koste se €10,- en €5,-

Line-up SC Heerenveen – MVV
As de spilers fan SC Heerenveen en MVV it fjild op komme op freed 17 july dan soe it moai wêze as de F’kes fan SDS (fan ôfrûne seizoen) mei de spilers it fjild op komme. Der kinne 25 meidwaan. Alle F’kes binne hjir oer maild en de earste 15 hawwe harren al opjûn. Der binne dus noch 10 plakjes te ferjaan!
Graach foar freed 10 july mooglik opjaan fia
dit formulier!

Penaltys yn de rêst fan SC Heerenveen – MVV
By SC Heerenveen – MVV meie de SDS-C’s fan ferline jier penaltys nimme op in jeugdkeeper fan SC Heerenveen.
Der kinne 10 meidwaan. As der mear harren opjaan dan hawwe wy middeis in foarronde. Alle C’s binne hjir oer maild.
Graach opjaan foar freed 10 july fia
dit formulier!

SC Heerenveen-klinik fol
De SC Heerenveen-klinik sit mei mar leafst 80 SDS’ers spitich genôch hielendal fol. Dizze klinik op freed 17 july begjint om 14.00 oere. It is it handichst dat alle bern harren al fan te foaren thús omklaaie, want der kin gjin begrûk makke wurde fan de klaaiboksen.