Weppers tiisdei 7-1

Weppers moandei 6-1
6 januari 2014
Weppers woansdei 8-1
8 januari 2014

OFK
De mannen fan SDS 1(âld)seal meie jûn los op it OFK. Harren (drege) programma sjocht der sa út:
19.44 SDS 1 seal – Wykels/Hallum 1 fjild
20.26 Leovardia sneons fjild 1 – SDS 1 seal
20.54 SDS 1 seal – Noardburgum
21.50 SDS 1 seal – Urk 1
22.18 Easterlittens seal 1 – SDS 1 seal

Seleksje SDS 1(âld)seal
De sealfuotballers fan SDS 1 dy ’t 10 jier werom de Midwintercup wûnen geane jûn nei it OFK. Dat betekent dat Jan-Simon, Feite, Anne, Harm, Tsjipke, Peter, Robert en Willem fan de partij binne mei Willem Overal en Durk Okkema as begelieders. Sy fertrekke om 18.45 by it kafé yn Easterein.

SDS VR-1 útskeakele
De froulju fan SDS VR1 binne juster útskeakele op it OFK. Yn al dy jierren dat sy no meidogge liket it wol of sitte sy altiten yn de dreechste poule. SDS pakte noch knap in puntsje fan MSC(1-1), mar ferlear fan Avanti, HZVV, VIOD 2 en Be Quick Dokkum.

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Jim kinne jim hjir opjaan. It toernoai is moarns fan 9.00-13.00.

Sealtraine
SDS 2 en 3 traine tongersdei yn de seal yn Easterein fan 21.00-22.00.

Jongste draver
De jongste draver sneon tidens de snertrin wie
Wessel Wijnja. Foar in E1 spiler is 8 kilometer wol in flink ein liket ús sa ta.. hulde.

Fiskje
De transferperioade is oan de gong en Bayern Munchen is ien fan de earsten dy’t ta slein hat. En sa moat de klup fan Lewandowski wer
earne oars sjen byt te krijen.

Harsens derby(1184)
Mocht ien fan de SDS’ers jûn sa skore dan mei der wol in sikenauto komme: