Weppers woansdei 8-1

Weppers tiisdei 7-1
6 januari 2014
OFK’tsjes
9 januari 2014

SDS 1 (âld) seal troch nei finales
SDS 1 (âld) seal is der justerjûn yn slagge om de finaleronde te heljen. De earste wedstryd waard ferrassend mei 2-1 wûn fan de winners fan foarich jier Wykels/Hallum(Feite 2x). Doe ’t de twadde wedstryd mei 1-0(Willem) fan Leovardia wûn waard en dêrnei mei 4-0(Peter 2x, Robert en Willem) fan Noardburgum kaam de finaleronde yn sicht. Tsjin Urk soe in puntsje genôch wêze. Nei twa kear mei de eagen knippere te hawwen stie SDS allinnich al mei 3-0 efter tsjin de Urkers. Úteinlik waard it noch 5-2(Feite 2x) en mocht der tsjin Easterlittens lykspile wurde om troch te gean. De Littensers moasten winne, dus de opdracht wie dúdlik. Sy foelen dan ek mei man en macht oan, mar it wie SDS wat twa kear tûk skoorde út in frije traap(Feite) en in skot fan 30 meter(Robert).
Sa giet SDS as nûmer twa efter Wykels/Hallum nei de folgende ronde.

Finaleronde OFK
Kommende sneon mei SDS om 10.00 los yn de finaleronde. Sy sitte yn elts gefal by Drs. Vijfje yn de poule. De rest wurdt jûn bekend.

Akke-Rixt ek nei de finales
Akke-Rixt Zysling gie mei de froulju fan ONS ek nei de finales. Sa stiet der dus ek noch in SDS-frou yn de finaleronde fan it OFK.

Fit?
De tritigers en fjirtiger by de âld-sealfuotballers fan SDS wienen juster hartstikke fit. De ienige tweintiger krekt wat minder. Of soe der ôfrûne sneon mei de snertrin syn krûd wat fersjitten hawwe?

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Jim kinne jim hjir opjaan. It toernoai is moarns fan 9.00-13.00.

Sealtraine
SDS 2 en 3 traine tongersdei yn de seal yn Easterein fan 21.00-22.00. Allegear wol efkes in eurootsje meinimme.

Gjin striker
Moarntejûn is der gjin striker. Dooitze hat kursus.

Oefenje
SDS 1 hat justerjûn foar it earst wer traind yn 2014. Sneon sille sy foar it earst wer in wedstryd fuotbalje. Sy oefenje dan op it fjild fan LSC tsjin …………New Holland of sa? 

Harsens derby(1185)
Toet, toet!