Weppers moandei 6-1

SDS League: Tsjalling Sikma pakt 1e priis!
6 januari 2014
Weppers tiisdei 7-1
6 januari 2014

SDS VR-1 jûn op it OFK
De froulju fan SDS VR-1 meie jûn los op it OFK yn Frjentsjer. Dit binne harren poulewedstriden:
19.58 VIOD 2 – SDS VR1
20.40 SDS VR1 – Avanti 1
21.22 SDS VR1 – Be Quick Dokkum fjild
22.04 HZVV seal 1 – SDS VR1
22.46 SDS VR1 – MSC 1
Sjoch
hjir foar it hiele programma.

OFK(2)
It is jûn wol efkes de muoite wurdich om efkes yn Frjentsjer op it OFK te sjen. Net allinnich SDS DA-1 moat jûn, mar b.f. ek de mannen fan ONS 1, Oeverzwaluwen 1, WPB 1 en Wykels Hallum seal 1(byinoar yn de poule) en Mulier 1 en Foarút seal 1(byinoar yn de poule).

OFK(3)
De mannen fan De Wâlde 1 hawwe juster ôfsein foar it OFK. Hjir is de organisaasje begryplikerwiis net sa wiis mei(klik hjir). Mar goed dat de fjildfuotballers fan SDS 1 harren sawiesa net opjûn hawwe…………..

OFK(4)
De mannen fan SDS 1(âld)seal meie moarntejûn los op it OFK. Harren programma sjocht der sa út:
19.44 SDS 1 seal – Wykels/Hallum 1 fjild
20.26 Leovardia sneons fjild 1 – SDS 1 seal
20.54 SDS 1 seal – Noardburgum
21.50 SDS 1 seal – Urk 1
22.18 Easterlittens seal 1 – SDS 1 seal

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Jim kinne jim hjir opjaan.

Nije stipers
Op ús webside sjogge jim ek wer twa nije stipers yn de “rolbanner”.
It giet om:

en


Fotoreportaazje
Fan Jan Simon krigen wij noch in fotoferslach fan de dravers en kuierders tidens de snertrin. Klik
hjir en sjoch jim favoriten kapot oankommen.

Harm Auke

Altyd laitsjen bliuwe, is it motto fan Harm Auke. Ek al sit je der hast troch hinne nei in snertrin.
Efkes wiene wij yn de ferûnderstelling dat hij de rapste fan SDS 5 wie, mar sweager Klaas van der Weg liet fia twitter witte: doe’t ik al ûnder de brûs wei wie kaam Harm pas binnen.

Foeilelijke sjurts
Yn 2010 hawwe wy hjir op de webside alris in item hân oer foeilelijke sjurts. The Guardian hat se no foar ús op in rygje setten. Alderaardichst, mar foar sommige lju is it better om nûmer 16 oer te slaan(sjoch
hjir).

Harsens derby(1183)
Matchfixing is fan alle tiden. Sjoch dizze skiedsrjochter yn 2003: