Weppers tiisdei 6-10

Weppers moandei 5-10
4 oktober 2015
Weppers woansdei 7-10
6 oktober 2015

SDS 2 oefent jûn út tsjin Heeg 2
18.45: fertrek
19.45: fuotbalje
Skelte, Hendrik E, Marten, Gerrit, Feite, Pieter K, Stefan, Jurjen, Bote, Allert, Tjeerd, Ralph, Jesse, Pieter W. en Jentsje.

SDS 3 – IJVC 2 sneon yn Drylts
Om it B-fjild te sparjen wurdt de wedstryd SDS 3 – IJVC 2 sneon yn Drylts ferspile om 14.30 oere. Op 13 febrewaris komme de Dryltsers dan nei Easterein om te fuotbaljen.

Derby
Sneon spilet SDS 1 de derby tsjin Waterpoort Boys 1. Beide ploegen steane (noch) ûnderyn de 3e-Klasse, dus it wurdt in wiere degradaasjekraker!

SDS 4 op de foto
SDS 4 kaam sneon op de foto. Is it net in plaatsje:


SDS Look-a-likes!
Der komt wer in nije Treffer oan, dus wy kinne wol wer wat nije SDS-look-a-likes brûke!
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei
info@vv-sds.nl!

Sjoch hjir foar wat foarbylden.

SDS League
Tongersdeitejûn nei it fuotbaltrainen leit yn de kantine de nijste stân fan de SDS League wer.

Harsens derby (1602)
Unterjochte penalty, dus……….