Weppers tiisdei 6-1

SDS League: Torpedo Toering kampioen!
5 januari 2015
SDS League: wike 12(einstân).
5 januari 2015

OFK (2)
Ôfrûne freed gie it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal (OFK) wer los yn Frjentsjer. De twa teams fan SDS meie woansdei en tongersdei los yn de foarronde. Kommende sneon binne de finales.
Yn 2003 wie it Avanti dy ’t wûn yn de finale fan Foarút. By de froulju gie de winst nei HZVV. Sjoch hjir.

Klaverjasse
Op freed 16 jannewaris organisearet SDS yn gearwurking mei de KF in klaverjastoernoai yn de fuotbalkantine. It begjint om 19.30 en der sille 3 bomen klaverjast wurde. De organisaasje is yn hannen fan Sipke Hiemstra en Oebele Anema.

SDS-sealtoernoai
It SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren en sealfuotballers is dit jier op sneon 24 jannewaris. Nije wike kinne jim fia de webside je sels opjaan.

Seal frij
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe moarntejûn frij. Dat betsjut dat de hal yn Easterein moarn frij is fanôf 20.30. As der in team is dy ’t hjir graach gebrûk fan meitsje wol troch in oerke yn de seal te trainen dan graach maile mei info@vv-sds.nl.

Robert syn sealskuon
Foarige wike moandei hawwe de âld-sealfuotballers fan SDS en de fjildfuotballers efkes tsjinelkoar oefene. Efkes om it gefoel wer te krijen. Robert Sybesma koe it gefoel net hielendal krije. Syn skuon wienen sjippeglêd. De lêste kear dat sy ek sa glêd wienen kaam de hierlakbus der oan te pas en levere dit úteinlik de winst yn de Midwintercup op. Al is dat ynmiddels al wer 11 jier lyn……..


Robert bespuitet de sealskuon yn 2004

Earste training
Dizze wike stiet fansels hielendal yn it teken fan it OFK yn Frjentsjer. Nije wike sil SDS 1 wer foar it earst op it fjild traine. Sy dogge dat op tiisdei 13 jannewaris.

Noch wat foto’s

Ek Tamme de Boer hat sneon noch wat kykjes makke fan de snertrin. Sawat in kilometer foar de finisj seach de kopgroep der sa út. Nei de kilometer naam Anne syn gewoane plakje wer yn. Noch in foto fan in dribbelaar, de snelste frou, en in grutske spits kinne jim hjir sjen.

Alderaardichst
In Schotse fan hie in taart (?!) mei nei it fvuotbaljen en ferlear dy by it juichen. 20 minuten letter fûn hy de taart wer:
Afbeelding weergeven op Twitter


Harsens derby (1405)
TOET, TOET!