SDS League: wike 12(einstân).

Weppers tiisdei 6-1
5 januari 2015
SDS 1 fjild nei it OFK
6 januari 2015

Yn it alderlêste wykein jout Sjoerd Rispens mei “Algemeen Fons” dan dochs noch de kopposysje fuort oan “Torpedo Toering” fan Jaap. Jaap komt hjir troch krekt ien puntsje heger út en wint sa foar de 3e kear de SDS-League. Sjoerd wurdt 2e en Feiko en Grietzen Broersma wurde 3e en 4e.


En dat is trije!!

Opfallend is dat “Torpedo Toering” sûnder in wykpriis te pakken dochs kampioen wurdt.

Jaap Toering gie der yn de lêste wike ek noch hast fan troch mei de wykpriis, mar kaam ien puntsje te koart lykas “Burdman”(dy oare wepmaster). De wykpriis fie wol nei “VV BAK” fan Almar en Boudewijn Kramer en dy iene wepmaster dy ’t tydlik in snorke hân hat.

Ôfrûne sneon op de nijjiersresepsje fan SDS koe Douwe-Dirk Reitsma al bliid makke wurde mei in SDS-sjaal. It koe fansels net oars dan dat hy de “poedelpriis” pakte. Hy belooft foar de twadde helte betterskip.

De teams foar de twadde helte fan de SDS-League moatte ynlevere wurde foar sneon 14 febrewaris om 19.00. It nije formulier kinne jim begjin febrewaris hjir op de webside ferwachtsje. De transfermerke is iepen oan ’t 31 jannewaris, dus dat wachtsje wy earst mar efkes ôf.


Sjoch hjir foar de einstân fan de earste helte:
wike 12.