Weppers tiisdei 5-6-2018

Weppers snein 3-6-2018
3 juni 2018
Yndieling 2018-2019 JO8, JO9, JO10, JO11
6 juni 2018

SDS 4

SDS 4 hie sneon in barbecue en hat it seizoen evalueard. Spiler fan it seizoen is wurden Steffen Bruinsma. Dit is foaral baseard op de wedstriid tsjin Lemmer troch syn passy en ynset, wêrûnder de lilkens tsjin de pleatselijk man yn it swart……
Golden boy is wurden Johan Postma. Earst koste hy it fjirde 6 punten as keeper, mar letter hat hy as spits syn status wol fertsjinne.
SDS 4 hat no al nocht yn it folgende seizoen!
En dat strale se ek út!

SDS JO17-2

SDS JO17-2 hat snein it seizoen ôfslúten mei in barbecue by de familie Schildkamp. De mannen setten de lieders Robert Schildkamp en Theun Gaastra en ynfalleider Willem noch efkes yn it sintsje. Nei de tiid gienen sy noch efkes mei syn allen op de foto.

Yn de pannakoai


Snein beweechte alles yn Wommels. Drave, Terpfolleybalje yn it sân, rinne, fytse, muorrekeatse en fuotbalje yn ien fan de trije pannakoaien.

Kleurrike sjurtsjes


It wedstrydsje Pannakoaifuotbalje duorre sa’n 4 minuten en dêrnei wie it efkes bekomme en wachtsje op it folgjende potsje yn de kleurrike en grutte ferskiedenheid oan fuotbalsjurtsjes.

Berehap

It is mar goed dat SDS 2 net hoeft te baljen yn de neikompetysje. Dit hie foar Jesse van der Weide namelijk in hiele toer wurden. hy wie flink te pakken naam troch familie fan de ‘Bereklauw’. Sis mar de ‘Berehap’………..

SDS WK league 2018


De oanmeldingen komme stadichoan binnen en it maksimum fan 50 sille wij seker wol helje. Dus wês der bij en ful dit formulier gelyk yn.

Harsens derby (2030)

Toet, toet!