Weppers tiisdei 4 april 2023

Freed 7 april sponserrin by sc Heerenveen foar in pannakoai by SDS
4 april 2023
SDS-League: ‘Torpedo Toering’ giet as in raket!
5 april 2023

Efkes Balje

It like sa’n leuk idee. In kombinaasje Wommels-Easterein (WE)tsjin de REST.
De REST dat soene dy ‘skyt’doarpkes hjir omhinne wêze moatte.
Doe’t it om 19.30 oere begjinne soe op dizze moandeitejûn stiet doarp en …… stêd klear om it op te nimmen tsjin WE.
In Itenser, Hinnaarder, Reahûster, Baaiumer, Eksmoarrist, ja sels in Frjentsjerter foarmje it dreamteam.
Der wurdt noch in poging om it driigjende ûnheil foar WE te kearen troch in mol yn te setten. Friso mei as âld Hidaarder de REST oanfulle yn de hoop dat hij noch wat betsjutte kin foar WE.
It “fersyk” oan Friso is oan dovemansearen rjochte.
Friso stjoert de rest oan en sij daverje oer WE hinne.
De krekte útslach sille wij nea oan it papier tafertroue, lit stean oan de digitale wrâld. De grutte finale, wêr’t it allegear om giet bliuwt WE hiel lang oerein. De 1-1 stiet lang op it boerd en it is al tsjuster at de kopbal op de latte (op 1 meter hichte) fan WE de REST hast ferslacht. It mei net sa wêze.
De REST wint.
REST: Wybren, Harrie, Ferrie, Frank, Kerst, Bertus en Friso
WE: Wouter, Johan Gerben, Johan, Han, Jappie, Ids en Aant

Kommende sneon

Kommende sneon is de jongste jeugd net aktyf, mar der is in fantastysk thúsprogramma.
De jeugd fan SDS/Nijland JO13-1, JO15-1, JO17-1, JO19-1 spylje allegear thús.
De jeugd fan SDS/Nijland JO13-1 spilet yn Nijlân.
Middeis komme SDS 1 en SDS 2 ek noch thús yn aksje.
SDS 5 is de ienige ploech dy’t út spilet (yn Warkum)

Ranglist SDS 1

De kommende wedstriden binne foar SDS tige wichtich dus kinne sij alle stipe brûke fan taskôgers. Dus allegear komme sneontemiddei om 14.30 at Oeverzwaluwen lâns komt.
Dit is de ranglist.

Wedstriidposter

SDS-League

Moarn rûn in oer as 11.03 oere kinne jim hjir de aldernijste stân ferwachtsje.

Harsens derby (2155)

Hjir de prachtigste ‘Kacktor’ út Dútslân fan de ôfrûne maart.