Freed 7 april sponserrin by sc Heerenveen foar in pannakoai by SDS

SDS FIFA-toernoai tige slagge!
3 april 2023
Weppers tiisdei 4 april 2023
4 april 2023

Op freedtemoarn 7 april organisearret sc Heerenveen in grutte sponserrin by it Abe-Lenstrastadion. As Sportief Partner fan sc Heerenveen mei de jeugd fan SDS oant en mei de JO11 hjir ek oan meidwaan. In unieke erfaring en de hiele opbringst is foar in pannakoai by SDS.
Dochsto ek mei?

Freed 7 april wurdt in alderaardichste dei, want neist de sponserrin organisearret sc Heerenveen op dy dei noch folle mear leuke fuotbalaktiviteiten. Sjoch hjir mar ris nei de edysje fan 2019.

De jeugdspilers fan SDS oant en mei de JO11 hawwe in flyer fan de lieder of trainer krigen of krije dizze noch. Hjir stiet in persoanlijke aksjelink yn. Dizze link kinne de jeugdspilers trochstjoere nei famylje, buorlju, pakes en beppes, fage kennissen, kollega’s fan mem of wa ek mar. Sponsers kinne harren dan sels oanmelde en ek lyk betelje. Wol sa makkelijk. Dit kin oant 6 april.

Mei dizze aksje sammelje wy jild yn foar in pannakoai by SDS. Dielnimmers dy’t goed harren bêst dogge meitsje kâns op moaie prizen fan sc Heerenveen lykas bygelyks in teamuitje nei sc Heerenveen of in sjurt mei hantekeningen.

Ynmiddels dogge al 42 jeugdleden fan SDS mei oan dizze aksje en hawwe sy al 426 stipers binnenhelle.

Noch mar in soad súkses en wille tawinske mei dizze aksje!

Sjoch hjir foar de tuskenstân of stypje de jeugd hjir.
It kin noch oant 6 april!
https://www.sponsorloop.nl/vvsds/tussenstand/

Jeugdkommisje vv SDS