SDS-League: ‘Torpedo Toering’ giet as in raket!

Weppers tiisdei 4 april 2023
4 april 2023
Weppers goeie freed 7-4-20-23
7 april 2023

Sy wienen der al benaud foar en it is ek bard. ‘FC Orthopedie’ fan Wiebe Heeres en Inne Heerma is dizze wike troch syn hoeven sakke en is it earste plak kwyt. Sy pakke mar 20 punten en sakje dêrmei nei it 2e plak. Ek ‘FC Hatsteflatse’ fan Thys Bruinsma hat in belabberde wike mei mar 26 punten, mar bliuwt dield 2e.
Laitsjende tredde is Jaaps ‘Torpedo Toering’ dy ’t as in raket nei de kopposysje fljocht en fol foar syn 4e titel giet.
Al is it ferskil mei de nûmers 2 mar 1 puntsje…

It is net te leauwen, mar sels yn in seizoen dat it foar gjin meter draait wit Jan-Friso Bruinsma mei ‘Bergosso’ noch in wykpriis te pakken. Hy wie 59e, mar stiet no 34e. Der sil dochs net mear in plak yn de top 10 yn sitte?

Neffens it organisaasjekomité is it foar it earst yn de skiednis fan de SDS-League dat der ien fan vv Oosterlittens yn de top 10 fan de SDS-League stiet.
‘Ewoud in ho97’ fan Ewoud Walda pakt namelijk it 5e plak en miskien sit der noch wol mear yn.

‘9 & 10 juny Slachtepop'(Broer Greidanus) komt hieltiten tichterby. In bettere reklame as fan it 40e plak stijge nei it 15e plak is der hast net.

In oare spiler fan vv Oosterlittens docht it wat minder. Jasper de Boer stiet mei ‘Het Dispuut’ namelijk wer op syn fertroude lêste plakje.

SDS League 2022-2023 twadde helte stand wike 7