Weppers tiisdei 4-11

SDS-ledengearkomst
3 november 2014
Tinus Hoekstra is stoarn
4 november 2014

Topskoarster
Dit wykein gelokkich aardich wat doelpunten bij senioren en froulju en dat resultearret yn in nije oanfierster fan de list. It kin ek hurd gean at je mei twa ferskillende teams meidogge en bij beide skoare. Sjoch
hjir.

Woansdeitejûn efkes gjin sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 soenen moarntejûn út fuotbalje tsjin ONS 2. Dizze wedstryd is útsteld. De sealfuotballers kinne no moai nei de ledengearkomst tochten wy sa.

SDS-webside 12 jier!
Sa no en dan sjogge wy efkes yn de aginda op dizze webside en wat sjogge wy hjoed tafallich? De webside is hjoed eksakt 12 jier yn de loft.

Movember
Ek it AD spilet yn op de moanne fan de snor. Klik op it plaatsje foar in fergrutting.

Ein fan de moanne hjir in SDS-snor-opstelling mei û.o. Sjoerd van Beem, Harm Stremler, Erik Haitsma, Elger Turksma, Jan-Simon Jelsma, Gerrit Flisijn, Skelte Anema, Hendrik de Jong, Eeltsje Postma, Willem Wijnia en Robert Sybesma?

Fuotbalmem