Weppers tiisdei 31-5

Weppers moandei 30-5
29 mei 2011
Weppers woansdei 1-6
31 mei 2011

Materialen ynleverje!!!
Moarntejûn is it lêste leider/trainers oerlis foar de simmerstop.
Eltsenien graach komme om de materialen yn te leverjen ne jim ferhaal to dwaan.
Wa’t er net is moat syn materialen sa gau mogelyk ynleverje by Klaas de Haan.


Slotjûn SDS 1
Kommende freed slút de A-seleksje fan SDS it seizoen offisjeel of mei in teatswedstriid (keatse mei in tennisracket) en in barbecue yn Wommels. 
Graach om 16.30 oere oanwêzich by it keatsfjild yn Wommels en eltsenien moat sels in tennisracket meinimme! We begjinne dan earst te teatsen
wernei we nei de tiid genietsje kinne fan in hearlike bbq.
It drinken is dizze jûn foar eigen rekken, de rest is fergees. Wa der net (op tiid) wêze kin, graach efkes melde by Anne Brouwer.
Ut namme fan de organisaasje,
Dirk-Yde

Feessie
Foar wa ’t de foto’s mist hat fan ôfrûne sneon binne sy 
hjir noch in kear.

Dit hie in foto fan de sneins wêze kinne, mar it is ien fan sneontemiddei.

Jans derút?
Soe Ron Jans nei ien seizoen al ûntslein wurde by SC Heerenveen?(sjoch
hjir)

Harsens derby (484)
De iene wepmaster is stoppe mei fuotbaljen y.f.m. in blessure. De oare hopet noch hiel lang troch te gean: