Liftwedstriid 2009 (1)

Weppers tiisdei 30-12
29 december 2008
Âldjiersweppers
31 december 2008

Lifte 1 jannewaris 2009


Op boppesteande kaartsje, wat makke is troch Namkje Koudenburg is te sjen wê’t de lifters west ha (giel) en wêr’t se mooglik noch hinne sille de kommende twa jier. Want dan is de sirkel rûn.

Foar de 8ste kear wurdt de liftwedstryd holden. De earste reis nei Milan wie in grap, it is no in dea serieuze saak wurden. De tarissingen begjinne meast al yn oktober mei drege (!?) bijienkomsten yn Jimbar. Dreech omdat it lang duorret. En dat wylst de opkomst fan potinsjele lifters faak hiel lyts is. Der wurdt weromsjoen en foarútsjoen op sa’n jûn.
Ek it doel wurdt meastal bepaald. Dizze kear wie it allegear dreech. Dat is de skuld fan de kalinder. 1 jannewaris op in tongersdei, dan is der yn feite te min tiid om der in echte reis fan te meitsjen.

Nei wat gestin tusken Slovenie en Hongarije en Eastenryk is it Tulln wurden. Dat leit oan de Donau tusken Passau en Wenen.
It liket derop dat der 7 teams oan de start komme. Der binne mar leafst 4 debutanten: Sytse Hibma fan Wommels,  Jimmy Linders fan Belfeld, Hadewey fan Amersfoort (earder fan Gasterlân)  en Marije Peenstra fan Wommels, earder fan Britswert.

Foar in goeie foarbeskôging fan ús kant is it te koart dei. Wij meitsje dan ek tankber gebrûk fan de miening fan ús eigen analisten Sjoerd van Halst en syn liftmaat Teade Kraay jr, no fan Wommels mar ek berucht yn Nijlân.
Sjoerd en Teade skriuwe it folgende:

Earme Eastenrykers,

As wy sa nei de dielnimmerslist sjogge, falt ús op dat (útsein wy en Sjors en Sjimmie) gjin ien fan de mannen sûnder in frou op paad doart.
Degelike hearren dy’t net mear NEE doare te sizzen tsjin de froulju, is de emansipaasje jim yn it keale plaske slein? Los net mear fertroud?

Om’t wy ûndanks dit noch wol fan jim hâlde riede wy jim oan ûnderweis even in tuskenstop te meitsjen yn Tilburg. Sjoch hjir wêrom. It liket ús better dat jimme dizze rute nimme, oars kinne wij flakby Wenen de triennendoekjes der wol wer by pakke. Lit wij dúdlik wêze, wij ha gjin nocht om al dy leafdesperikelen oan te hearen yn Eastenryk.

Foar al dy mannen sûnder wil of eigen miening, at de froulju derby binne, hjir noch in boeketip. Doch jimme foardiel der mei!

Fjirders noch wat persoanlike tips; lûk it jimme net oan, mar doch der wol wat mei! 

Wybren en Namkje

At we earlik binne, is Wybren eins de smet op de reputaasje fan it liften. It sil dit kear wol in flucht wurde mei in oerstapke, it sil wol wer op syn súnichst moatte… Fjirders sit wy ek wer mei de gebakken parren, se binne begjin jannewaris seis jier byelkoar. Hooplik kreaket it bêd dit jier wat minder as oars.  

Sjors en Sjimmie

De nije Jut en Joel fan it liften, de earste kear docht altyd sear.

Klaas en Amarins

Tegeare mei Wybren eins op de swarte list, at der dit jier Amarins mar net yn de hieren fljocht. Foar KlaasFrika(ndel) is it wichtich om op gewicht te bliuwen, hy hâld himsels altyd in woarst foar. At der syn ABN jas mar net oan docht, dy stjonkt nei jild en de hûnen fan foarich jier.

Jelle Tjitte en Hadewey

Nei jierren mei Wytske, is it no oan Hadewey om de ambysje fan Tjitte wier te meitsjen.
Hat er no einliks de wiere fûn?
In drege taak, mar net ûnmooglik skatte wy yn (sa binne we dan ek wol wer). 

Jaring en Marije 

Dit kli(n)kt net goed. Marije is in (te) goede party, wy sjogge út nei de fotokes, wy hoopje dat Marije oan syn ferwachtingen foldocht. It kin neffens ús 2 kanten op; hiel rap rjochting Eastenryk as lekker chille….

Tsjeard en Sjoukje

Wy ha it idee dat dizze 2 it fan’t jier as folcht oanpakke:
Tagelyk oankomme mei Wybren, Namkje EN Tjitte en Hadewey. Mei W en N ha se it alris earder op in akkoardsje goait en no hat Tsjeard mei Tjitte op syk west en dus ek in komplot smeden, dat kin net oars. Wy winskje jim alle sukses, mar ûnthâld dit; fan ruilen komt Wenen.

Lifttip
Omdat de lifters dizze kear haast hawwe om der te kommen en dêrnei haast hawwe om wer thús te kommen hawwe wij efkes ûndersyk dien. Jim kinne de resultaten fan dat ûndersyk hjir sjen.

Tips oanbean troch Wybren


Werom sjen
Wa’t noch efkes wat herinneringen ophelje wol, kin hjir sjen foar it
liftdossier fan de lêste jierren.

Foarstelle
Foardat de lifters hjoed ûnderweis geane kinne wij noch krekt in foarstel rûntsje dwaan.
Jim kinne Sjoerd en Teade fansels wol en ek Wybren en Namkje, Tsjeard en Sjoukje binne yn it liftfermidden gjin ûnbekenden. Klaas Malda, Tjitte Jelle, Jaring Rispens dogge al jierren mei en sij hawwe gjin yntroduksje nedich. Amarins wie der ferline jier ek al bij en at sij wat faker sms’t hiene ferline jier hiene wij har se ek kennen leard.
Unbekend binne Hadewey (dat bliuwt noch efkes sa) Sytse, Jimmy en Marije. Fan de lêste trije krigen wij in foto, sadat ek wij in byld hawwe fan wa’t de berjochten binnen komme.

Marije Peenstra

Jimmy Linders

Sytse Hibma

Sytse Hibma
Wij tinke dat hij mei Jimmy hege eagen goait nei de titel. Syn broer Douwe die it ferline jier min en Sytse wol sjen litte dat de Hibma’s harren op de dyk goed rêde kinne.

Fit
Der binne jierren west dat Tsjeard âldjiersnacht altyd wurkje moast en meast tsjin achten op bêd lei. Dit jier is dat oars. Gjin wurk yn dizze nacht, dus betiid op bêd, dus mei Sjoukje …… nei de oerwinning?

Der klear foar

1 jannewaris 12.00 oere:
Team Dr Sipcke Stapelbêd is der klear foar


Fol
Der is de lêste dagen troch de lifters flink kommuniseard ûnderling. Wês bliid dat jim dat net allegear hoege te lêzen.  Efkes in foarbyld fan Sytse Hibma dy’t yngiet op de kommunikaasje ûnderling.
De mailbox sit hast op syn max, best genoch! Ik sil de brot aanst wol even fertale, miskien komme dr nog mooie songteksten foar rowwen heze ut… Wat it communiceren betreft, de opsje fan TJ mei de striebalen en rooksignalen foen ik frij mall en lyke my wol wat, dochs lyket een hansemere fersje fan communikaasjemiddel better. Sms rjochting Aant en fjirder by needgefallen underling belje en skrieme.

Tip foar Teade

Wij kamen twa jier lyn fytsend Wenen binnen (nei in tocht fan 1400 km) en wiene ferbjustere dat ús toeter de stedsgrins net oerkaam. Teade kin dus syn toeter wol thús litte, want yn Wenen is dat ferbean.

De start

At alles goed gien is (en werom soe it net goed gean), kinne jim no in filmke sjen fan de start sjen.

Foto’s fan de start binne te sjen op de side fan Jaring Rispens.

13.37 Mail van Janneke (freondinne fan Teade)
Ja hoor, ze stonden nog niet op de Hottingawei of Sjoerd en Teade hadden lift nummer 1 al gauw te pakken! Op naar Wolvega!
 
Helaas moesten ze de auto eerst wel even aanduwen. Hij hield er acuut mee op… 
Dhr Jorritsma en vrouw zitten in een auto naar Sneek.

13.39 SMS van Sjoukje en Tsjeard
Moaie lift mei Amarins (dy fan Klaas) har âlden.

14.01 SMS Jaring en Marije
Lift van Wommels naar Bolsward. Lift naar Berlijn afgeslagen en hebben nu lift naar Heerenveen. Nog geen andere lifters gezien. Moai waar, koarte dagen.
Groetjes Jaring en Marije

14.03 SMS Namkje en Wybren
Beste tsjuchers, wij bin moai op tempo,H’veen foarbij.

14.19 SMS fan Jaring en Marije

Op de A7 thv Hveen staan team Verbeek en team Malda. Onze chauffeur heeft het beste met ons voor en brengt ons op het eerste tankstation op de A 32.

14.25 SMS fan Tsjeard en Sjoukje
Fette shit ouwe! Dikke Benz

14.45 SMS fan Jaring en Marije
Lifte naar Zwolle

Opm. Aant: Oer dizze twa hoege wij net yn te sitten, sij hâlde ús geweldich op de hichte.

15.20 SMS Jaring en Marije
Lift naar Apeldoorn
groetnis Marije en Jaring kinne sa lifte

15.25 SMS Sjoek en Seat
In lift fan Nederdutsers oant de grins bij Anheim. Team Sjoek en Seat

15.35 SMS fan 06-22198651 (wa binne dat?)
Deutschland. Deutschland. Uber alles!

15.50 berjocht Aant
Bin efkes (liftend!?) nei de Jouwer foar nijjiersdrankje. Wit seker dat ik der 30 minuten bin. Dan nije berjochten.

16.15 sms Wybren en Namkje
Stilte yn der nahe von Arnhem

16.18 sms Wybren en Namkje
Hoi, fuortstjoerd bij tankstasjon, älde lifter brocht ús wer nei de dyk. Mei militair ut hege rang in eintsje fjierder. Wy sms yntusken buten de bundel. Whiehaa

16.18 sms Jaring en Marije
Wir haben einen lift zu Duiven. It geht vurspoedig. Lang leve de koningin

16.30 sms Tsjeard en  Sjoukje
Dikke blunder makke. Stean op in oprit….

16.45 sms Tsjeard en Sjoukje
We rolje wer. Best spannend dat oprit liften. Op de A 3 bij Bottrop. Ha we tiid te skien?

Opm. Aant: alle tiid !

16.50 sms fan 0614603734
Krekt kontrole hân fan de Polizei op drugs

opm. Aant: bin benijd welke bolletjeslikkers dit
binne.

17.11 sms fan Wybren en Namkje
Stedhoppe op dyknummer 3. We litte T(sjeard)  en S(joukje) en T(eade) en S(joerd)  8ter us en hoppe nei koln. Mei 2 Poalen sunder wurden te wikseljen. Lekker restich.. Lions binne lekker mem.

17.13 sms fan Sjoerd en Teade
Steane bij Wesel. W. en N al fuort. Tsjeard en Sjoukje en Jaring en Marije steane hjir ek. Br Brrr.

18.05 SMS fan Teade en Sjoerd
Kâld! Op nei Frankfurt. Dikke tút. Teade

18.15 sms fan 06-438344940
Endelik yn it lân fan omke Himler.We sitte yn Wietmarschen bij Lingen. Frou soe Chinees helje, het ús earst mar even 90 kilometer fjirderop brocht. Hope dat de Chinees noch iepen is…. Ek noch troch de plysje fan e sneldyk stjoerd.. Wij sille wol net op kop lizze..

Mail fan Monique (frou fan de Chinees)
Hallo boys,
 
De Chinees was nog open! Thuisfront was wel een beetje bezorgd… , maar jongens..voor jullie graag gedaan..Wens julie veel succes en plezier met de reis.
 
Groetjes van Monique

18.55 sms fan Sytse en Jimmy
1ste
currywoarst is binnen. Goeie bekomst.

Mail fan in grutske Jehannes en Wopkje Hibma (alders fan Sytse) neidat ferline jier soan Douwe yn Twente fêstrûn.
In teken fan libben fan Sytse en Jimmy en ek noch wol út Dútsklân wei. De earste soan dyt de grins oerrekket, …de ear fan de famylje is rêden. In protte sterkte foar de kommende nacht.

18.58 sms fan Jaring en Marije
Wij stuiteren in een
Twingo met onze Surinaamse vriendinnen naar Dusseldorf.

19.10 sms fan Tsjeard en Sjoukje
Dikke BMW nei Limburg. Eindelik 180 der foar. Duts/Turk echtpaar wurksum bij de
Turkse staatsbank.
Gjit aardich.

19.45 sms fan Jaring en Marije
No ûnderweis nei Frankfurt.En in lytse taktiek oanpassing. gjin djoere auto’s oansprekke; dy wolle toch net. Je ha mear oan in
yndûkte Twingo.

21.00 sms Wybren en Namkje
Even in hapke nij de Burgerking yn Oberhausen mei Martin en Lucas. Viel spass

21.15 Opmerking Aant
At jim ek fine dat de berjochtjouwing wat summier is dan hawwe wij de selde miening. Sommige teams jouwe gewaon neat troch. Spitich.

21.55 SMS fan Tsjeard en Sjoukje
Al mear as in oere fêst bij Frankfurt. Mei broer en de nije buorfrou! Kut soai. Is kâld bûten.

Opm. Aant: Buorfrou en broer dat binne Jaring en Marije

21.58 sms fan Sytse en Jimmy

Hast yn Frankfurt. Hienen hast een lift mei in
Sloweenske bus, mar siet fol. Bale, mar we litte us moai ride troch Dutslân.

Thank you Ronja en Markus for the great ride! And thank you Frank for your ride to Frankfurt.
Ayo Sytse en Jimmy

22.05 Sms Tsjeard en Sjoukje
Teade en Sjoerd binne hjir ek. Drama

Opm. Aant
Hoe is it mooglik: 6 man/frou op it selde tankstasjon bij Frankfurt

22.10 Aant werom yn Wommels
Bin werom út de Jouwer wei. Mei tank oan de famylje Holtrop foar it beskikber stellen fan de kompjoeter, de lekkere kâlde bierkes en de hearlike hapkes.

22.15 Sms fan Tjitte J en Hade
No mei lkw nei Nurnberg. It giet prima oant no ta. Wij ha bij de lêste tankstelle Klaas en Amarins en Wybren en Namkje  ynhelle.
groetnis Tjitte en Hade
 

Opm. Aant:
Mei lkw? welke merk auto is dat. Of is dat sms taal? Binnebliid dat wij wat fan harren heare. En dat se tagelyk de posysje trochjouwe fan 2 oare teame is fansels super.

De sitewaasje

Myn ynskatting is dat de sitewaasje der sa útsjocht op dit momint. Klik op it kaartsje foar in fergrutting.
De reade kopposysje is foar Tjitte Jelle en Hade. De giele knoppen binne foar WenN en KenA. De rest is yn de buert fan Frankfurt

22.35 SMS fan Wybren en Namkje
Fertraging: fastfood yn Offenbach is net sa fast. Sjen at wurst yn Wurzburg echt wurst is. Smecklich

22.40 Sms Wytske (foarhinne dielnimster mei Tjitte Jelle)
Ha Aant, Apart om it no fan de oare kant te besjen. Sit no Waarm op de bank: alle lifters yn de kjeld sukses. En Jelle wint dan leit it ôfrûne jierren dus toch oan mij: dus dat hoop ik net, kin ik folgend jier wer in poging dwaan.
Tsuuuuuus tut

22.41 SMS fan Wytske
Is der ek navigaasje?

Antwurd Aant
Helaas is der gjin navigaasjeoersicht op ynternet. Ik hoop dat se yn de measte autos’ wol navigaasje hawwe.

No’t se allegear goed plak hawwe yn Dutslân en se allegear hoopje op in lift mei Dútsers is it goed om ien kear yn je libben oandacht te freegjen foar it Dútske folksliet. (ik hoopje net dat ik lêst krij mei de provider.)
 

 

23.15 sms Tsjeard en Sjoukje
Der binne al trije autos’west yn it lêste oere! Wol gesellich mei syn 4en. Teade en Sjoerd  Ha in gokje dien!
Groetjes Tsjeard, Sjoukje, Jaring en Marije

23.37 SMS Jaring en Marije Tsjeard en Sjoukje
Na zwei und in halbe stunde gewachtet te haben, haben Tsjeard uns Sjoukje und Jaring und Marije ein lift gemacht
na Wúrzburg ! Mâl!!

23.40 sms Sytse en Jimmy
Op nei Wurzburg…. In man hat ús lâns allegear tankstasjons rieden oant wij in lift krije soene. No yn in   buske fol mei minsken út Israel. Se ha aardich wat broadsjes oer. Dus der wurdt best bunkert.

Opmerking Aant:
It wurdt drok yn Wurzburg mei Friezen.

Tjitte en Hade, Wybren en Namkje, Tsjeard en Sjoukje, Jaring en Marije, Jimmy en Sytse.
En de rest sit yn de buert!

23.50 Mail fan Wouter Jorritsma (broer fan Wybren)
Hoi Aant,
Weer leuk om te volgen via internet zo. Lkw staat trouwens voor Lastkraftwagen oftewel vrachtwagen. Ik blijf het volgen, tot hoe laat ga je door? 
Wouter Jorritsma

23.55 Gute nacht freunde
Sa’t Radio 1 jûns ofslút mei it lêste programma sawol ik ek earst mar ôfslute. Moarnier betiid mear nijs. Of miskien fannacht noch in nijtsje. Ja dus.

00.10 SMS fan Sjoerd en Taede (?)
Frankfurt foarbij, mar freegje net hoe. No wer yn
de kjeld op 100 km foar Wurzburg. We tinke oan us sels en om de oaren….ferrekkelingen 

00.27 SMS Klaas en Amarins
Hey Aant,
Wij ha wer in Aral te pakken rjochting Salzburg. Hopenlik gjin herhelling fan ferline jier. Welte

0.39 Mail fan Wobkje
Jimmy en Sytse ha witte litten dat se yn in hiel  lúkse auto rjochting Köln gean. Dat wie sawat in oere lyn. Wobkje, mem fan Sytse

Wobkje, mem fan Sytse.  SMS Sytse en Jimmy
Goijen oavand allemoal. Hier ff n berjichtje Fan Jimmy. Sytse is ff oan it downloaden op it toilet. Net aangekomen in Wurzburg.Net in lift gehad van in groep. erg interessnte mensen. Leefden samen in commune als insoort van apostelen van Jezus. Mochten daar ook overnachten. Maar mnoesten  helaas wegeren. It’s a race. Erg rustig op de weg. Dus moeilijker.
Groetnjes en tot volgende bericht.

0.57 SMS Tsjeard en Sjoukje
Bij Wurzbrug gelyk wer in nije lift mei Belgyske Turk. Prima muzyk. Noch steeds mei 4 (Jaring en Marije)

0.59 mail fan Frank
Hello and a happy new year,it sounds funny what Jimmy an Systse told me about the competition,
while we were on the way to Frankfurt.
Looking at the homepage, you are in a good position!Hope, your next ride will be good, and I’ll keep my fingers crossed that you will win!
And for all of you, save and warm ride to vienna.
Hope this will be a good start in a happy new year 2009
I will check tommorow, Good Luck!

PS: Would it be possible to translate the Text in English?
I am hardly able to guess the meaning of the messages, and i don’t have a dutch dictonary at home.

Note webmaster
I’m sorry Frank. I got no dutch dictionary. Becaure it is
Frisian but I hope Sytse en Jimmmy can translate it later on. At 3.30 they were on the way to Salzburg

01.31 SMS Tjitte en Hade
Efkes update. Dêr is no in protte tiid foar. Einige yn Nurnberg. Der kamen wij Wyb en Nam tsjin. Sij krigen in dikke Audi nei Wenen. 2 oeren letter en 2 autos fierder sitte wij hjir noch mei in Dutske krimi op in net plasma -tv. De east dutske kachel docht syn wurk. Letter mear.

01.55 SMS Tsjeard en Sjoukje
Mei Tj en Hadewey en Jaring en Marije op in raststette bij Nurnberg.

14.00 Mail fan Janneke (sûnder Teade)
hee wat is dit? sit ik efkes yn’e pyama gauw foar de computer, hald it nijs al op?!
hoe kin ik no wer lekker sliepe?
groetnis janneke
PS teade, folchend jier de electrische tekken mar mei?

03.24 SMS Sytse en Jimmy
Dipke hân, 2 oeren op tankstelle omslentere. No nei Salzburg. Opmerking bij dizze rit: gean nei Ljubliana. Neffens ús ha we dat earst as doel hân. Aanst bist noch wekker? Hoe stean we der foar? Min of minder

Opm. Aant: Ek dipke hân. Jim geane seker net min. 

05.49 SMS fan Wybren en  Namkje
Wij steane foar de tichte doar. Wer is elkenien.?
nr 1


Reaksje Aant:
Ga…ga…gap   tichte doar..tichte baly …jim binne earst. Fan herte lokwinske.
Foar
dizze doar steane se.

06.37 Mail fan Sytse Jorritsma
Lokwinske Wybren en Nam !!
Op de foto stjit oars wol een rút iepen………………..
Sytze Jorritsma

6.51 sms fan Tsjeard en Sjoukje
We rolje wer, no mei Tjitte Jellen Hadewey. Op nei de grins.

Opm. Aant:
De grins nei Tulln is 251 kilometer

07.58 sms fan 06- 22198651 (wa?)
Nei in wat oerkes koese yn
in kinderparadijs no in lift nei Nurberg. Komme der efter dat de sjouffeur 140 km de ferkearde kant út riden is.

Opm. Aant:
Nurnberg – Tulln is noch 478 kilometer

08.05 sms fan Sytse en Jimmy
Goeiemoarn allegear. Salzbrug. Sjochst gjin tomme foar eagen. Krek foarbij Salzburg riden, no werom nei de sneldyk nei Wenen. Sjoerd en Teade gooie der mei de pet nei haw ik begrepen. Se sieten fannacht op é fyts….

Opmerking Aant:
Salzburg- Tulln is noch 280 km.
Sjoerd en Teade, se hiene beide oars sa’n moaie pet op! Dat fytsen is in tip fan mij. Lâns de Donau is de muoite wurdich.

08.20 SMS Jaring en Marije
Nei 7 oeren itselde tankstasjon eindelik wer in lift. Op nei Regensburg, dit kear gjin Turkse macarena mar marokaanse klanken.

Opm. Aant:
Regensburg -Tulln is noch 378 kilometer

08.27 SMS fan Klaas en Amarins
nr 2
Wij binne der!!!!!

Opm: Ek fan herte mei dizze prestaasje

09.02 SMS Tjitte Jelle en Hade
No fierder it Eastenryk yn. Sawat oan Linz ta. We ha in swiere nacht hân. Alles is wer ok as jo tichterbij de einbestimming komme.
Groetnis
 Tjitte en Hde, Tsjeard en Sjouk

Opm. Aant:
Dit binne swiere nachten foar de relaasje bedoelst?

09.44 SMS Jaring en Marije
We krije wer wat gong! In rappe auto mei in tige stille man, sa stil dat we niet iens wiis wurde kinne oer wêr’t hij ús der út sette sil.

9.48 SMS Tsjeard en Sjoukje
Nei in goeie gearwurking mei Tjitte Jelle en Hade no wer allinne op paad. Lift oant ôfslach Tulln. Binne no bij Linz.

10.39 Mail Gerrit en Margje Koudenburg
Lokwinske Wyp en Nam! Miskyn dochs hast ris tiid om fan jim taktysk geheim ôf te sjen!? Klaas en Amarens: Ek fan herte! Foar de hiele groep: súkses mei dy leste drege kilometers en meitsje der noch in gesellige tiid fan mei elkoar! (En Sytse, wat wiesto der wer betiid of…!)
Groet, Gerrit en Margje.

11.00 SMS Jaring en Marije
De “
zwijger” hie in swiere rjochterpoat. Hawwe no de snert al op yn Passau!

11.05 Sytse en Jimmy
Hoi Aant en alle oare supporters. No is it sa: Wij komme oer in oere mei in Mercedes foarride, dus set de sjampanje mar kâld. At wij earst binne is noch mar ôfwachtsje, mar we komme yn stijl oan. We ha in deal sluten mei ús sjoof, dat wij mei in Jehova tsjûge prate moatte at dy
oan de doar komme. Dit ha wij oannaam. Oan aanst.

Opmerking Aant:
Mei rjocht kinne wij sprekke fan it evangelyske team. Earst mei in sekte dy’t harren bekeare woe en no aansens al mei de wachttoer op paad.

11.10 Mail Anneke Hulzinga
Wyb en Namkje, lokwinske. Gerrit hie it al foarsjoen, dat jim winne soene. Werom wie der no gjin weddenskip oan ferbûn? Ha wy wer! Mar bêst dien. De oare lifters noch succes winske foar it leste eintsje. En meitsje der mar in moai feesje fan der yn eastenryk. Aant,top dast dit wer sa oppakt hast! Groetnis Gerrit en Anneke.

11.22 SMS fan Tsjeard en Sjoukje
Ha de lêste lift, noch 10 kilometer.

11.50 SMS Sjoerd en Teade
Wij gean rjochting van Bommel, dêrnei ha wij in besite oan
Adriaanse yn de hasses, sjen at er thús is (als je dit leest Co bel me)

Opm. Aant
Van Bommel? dus Munchen. Adriaanse? dus Salzburg. Noch efkes en jim moatte werom. En dat allegear op de fyts.

11.45 Tsjeard en Sjoukje
nr 3
Wij bin der!!!

12.23 SMS Tjitte Jelle en Hade
Krekt in lift krigen rjochting Wien. Mar goed ek. Oan de bonken ta kâld.We ha prebearre te regeljen of ús driver ek efkes oer Tulln ride wol. Sij oerlizze no.

12.30 SMS Sytse en Jimmy
nr
4
Wij binne oan en jûn geane wij út. Moai hân. Nea tocht dat it sa goed gean soe.Tank foar de steun Aant yn dip tiden. Oant snein.

Opm. Aant
In prachtich debút jonges en jim hiene prachtige sms-kes

13.30 SMS Jaring en Marije
Goeie, ynmiddels trije liften hân yn Eastenryk, elke kear ferkeard útsetten. Gjit lekker dus. Steane no alderwetsk oan de kant fan de dyk te liften bij Linz, levert wol moaie plaatsjes op trouwens. Groetjes Jaring en Marije

13.35 Mail Piet en Meinie
Hallo Allemaal.
ik heb deze site opgezocht
omdat ik van mijn nicht  Sytze & Carla Jorritsma een tip heb gehad, over een liftwedstrijd.
ik ben gaan kijken, en lees warempel dat ik mijn achterneefje , nou neefje, heb gezien op de film.
en lees dat ze het eerst aan gekomen zijn in tulln.
gefeliciteerd Wybren en Namkje.
 
lieve groetjes Piet & Meinie
vanuit Zaandam.

14.16 SMS fan Tjitte Jelle en Hade
nr 5
Wij wiene hjir om 14.14. Kapot! Letter mear.


De foto is makke bij de start: noch net kapot !

15.15 mail Cees-Marijke Ras
Als ouders van Hadewey maakten we dit voor de eerste keer mee. Geweldig! Je wilt niet weten hoevaak we hebben gekeken. We genieten van het onvoorspelbare verloop van het liften. We wensen jullie een goede thuiskomst  terug in Fryslân.
Cees/Marijke

15.45 Opmerking Aant:
It wachtsjen is noch op twa teams: team Jaring en Marije en it djip teloarstellende team fan Sjoerd en Teade. Ik tink dat Jan Stenekes dêr ek wol wat fan fynt.

15.46 SMS Jaring en Marije
nr 6
Te plak. Nei trije liften fanôf Linz! 

15.47
En it wachtsjen is op…..

Sjoerd en Teade gjin sukses mei it liften. Mar miskien hawwe se in goed kontrakt ôfslute kinnen bij Bayern of bij Salzburg of …….bij Passau 8.

16.46 SMS fan Sjoerd en Teade
De keuzes die je maakt zullen altijd de juiste zijn, want je hebt ze zelf gemaakt (van dik hout). Wij smite de handoek yn Salzburg. Fjirder noch gjin idee. Sjaal om.

Opmerking Aant
Sneu dat sa’n goeie muzyktekst fan fan DikHout op harren fan tapassing is. Skreau Tsjeard op 1-1-2009 net om 23.15 dat Sjoerd en Taede in gokje diene? Witte jim ek in leuk en tapaslik liet foar Sjoerd en Teade, mail it nei
sds-nijs@home.nl . Dan kinne wij se muzikaal groetsje en in hert ûnder de riem stekke, wêr’t se ek mar binne fannacht.

Sjoch foar alle muzikale keuzes bij liftwedstryd (4 en slot)

18.00 Mail fan Jehannes en Wobkje Hibma
Sytse en Jimmy, Lokwinske mei it heljen fan de einstreep. Wij hoopje dat de Jehova’s de kommende tiid ús doar net plat rinne, mar dat is op dit stuit noch net it belangrykste, belangryker is dat jim de reis sa flot en mei net al te grutte tsjinslaggen ôflein hawwe.
Ek Wybren en Namkje lokwinske mei jim yndrukwekkende prestaasje en fansels ek de oaren lokwinske, Sterkte foar it pear dat noch ûnderweis is,
Jehannes en Wobkje Hibma

19.00 Tsjeard bellet fanút Tulln
Alles goed dêr. De measten hawwe efkes bijsliept. Jûn op stap. Se shope noch altiten dat Ten S wol komme. Herberch is prima en der binne wer leuke liftferhalen. Sij hâlde ús ek moarn sa no en dan op de hichte. Moarn statte yn Wenen en sneontejûn mei de nachttrein nei Amsterdam. Sneintemiddei bekintown. De groetnis oan alle fans en famyljeleden.

19.05 Mail fan Feikje Bakker (mem fan Beitske, de winner fan ferline jier)
Namkje en Wybren, mei út namme fan Beitske, fan herte lokwinske mei dit supersnelle resultaat. En ek alle oare dielnimmers: lokwinske mei it beheljen fan jimme doel. Hopelik komt ek it lêste pear foar de nacht binnen en kinne jimme even genietsje fan it moaie Eastenryk.
Groetnis en oant sjen,
Feikje (mem fan Beitske).

20.10 Mail fan Wytske Vermeulen
Ha leafe lifters en liftsters!!
In protte wille yn Wenen e.o.!!! Genietsje, tuike tuike ensaf. hinne…
Yn 2010 ha jim der wer in konkurent by; ha myn frije dagen foar dan al oanfreege!!
Dikke Tut

21.30 mail fan famylje Hulzinga.
It paad werom fan Piter Wilkens en f
ierder wer hulde foar it pleatsen fan de berjochtsjes en net te ferjitten de unferjitlike links yn de teksten, chapeau!

22.53 sms fan Teade en Sjoerd
Nr
7
Ha gjin noed, it is goed. Wij binne der. Wij sille goed op se passe.

00.58 mail fan Jehannes en Wobkje
Wij binne út’e skroeven dat Sjoerd en Teade der ek binne. Wij kinne ús no noflik deljaan om’t we witte dat der no goed op alle teams past wurdt. De goaden fan’e oerwinning hawwe einliks nei Sjoerd en Teade omsjoen .

Sneon 3 jannewaris 2009

10.00 mail fan Amarens
It sil Fokje en Eelke in deugd dwaan dat jim ek op tiid komme kinne !!!! (útlis te krijen by Klaas en Amarins)
Twadde! Best genoch!
Groetnis Amarens (nicht fan Klaas)
Renske en Anna Jente

Muzyk reaksjes

It is no sneontemoarn 11.00 oere en de berjochtjouwing oer de lifters sit der hast op. Sa no en en dan noch in sms-ke en mooglik in mailtsje. Wij hâlde jim op de hichte wannear se werom binne.

De liftwedstriid hat de lêste dagen in prachtich muzikaal slot krigen wat ús bijsûnder oansprekt. Derom no efkes op in rige de muzikale groeten dy’t oanfrege binne foar Sjoerd en Teade, omdat sij it dreech hiene. hiel dreech mar dochs it doel noch helle hawwe…. Hoe???

It begong allegear mei dit berjocht.

16.46 SMS fan Sjoerd en Teade
De keuzes die je maakt zullen altijd de juiste zijn, want je hebt ze zelf gemaakt (van dik hout). Wij smite de handoek yn Salzburg. Fjirder noch gjin idee. Sjaal om.

Opmerking Aant
Sneu dat sa’n goeie muzyktekst fan fan DikHout op harren fan tapassing is. Skreau Tsjeard op 1-1-2009 net om 23.15 dat Sjoerd en Taede in gokje diene? Witte jim ek in leuk en tapaslik liet foar Sjoerd en Teade, mail it nei
sds-nijs@home.nl . Dan kinne wij se muzikaal groetsje en in hert ûnder de riem stekke, wêr’t se ek mar binne fannacht.

Sytze Jorritsma freget oan:
Waarheen, waarvoor fan Mieke Telkamp

Janneke van den Elshout, freondinne fan Teade, freget oan:
Een eigen huis fan Rene Froger

Teade Rispens freget oan:
Lost fan Coldplay

Aant Hofstra siket it yn de muzyk fan Creedence C.R.
Sweet Hitch Hiker

Gerrit Koudenburg freget in prachtich nûmer oan ta stipe:
On the road again fan Canned Heat.

Tjally , de mem fan Jaring, jout de mannen in goeie tip mei al wer in hearlik nûmer
Ik denk dat ik dat lopen  fan Blof

Margje Koudenburg-Reijinga siket it bij de leuke reklame fan Audi:
Woody Guthrie sjongt de 
Car Song

Gerrit en Anneke , Gertjan en Karen sykje in liet ticht bij hús. Piter Wilkens, yn in moaie live fersje, wit hoe’t it sit mei it Paad werom

Sipke Hiemstra, wist noch dat de mannen it ek op in fyts besocht ha, dus de link nei Boudewijn de Groot is gau makke. Jimmy oftewol de Eenzame fietser.

De groep yn Tulln hat in hiele rige nûmers troch maild.

Als je wint heb je vrienden fan Herman Brood

Go your own way fan Fleetwoord Mac

Adieu sweet Bahnhof fan the Nits

Lost fan Anouk

You never walk alone fan Lee Towers

Stuck in a momint fan U2

So lonely fan the Police

Kwestie van geduld fan Rowwen Heze

Never be clever fan Herman Brood

I like to move it fan Real 2 Real

Dont’t stop fan Outhere brothers

Patience fan Guns en Roses

Tsjeard Hofstra wist fannacht ynienen noch in tapaslik liet foaral foar Teade. It lot fan Tea(de) yn de útfiering fan Tsjettel. Dwerskop klip is der wol en och wat is it ferskil

Troch jim muzikale groeten oan Teade en Sjoerd hawwe se it rêden. Kanjers binne it soe Erika T. wol sizze. Kanjers!  

Snein 4 jannewaris

02.13 SMS Allegear
We binne no sa’n 6 oeren Underweis (Nurnberg) Noch 10 te gean. In oantal leit op bêd, in oantal net. Shalom.

Foto’s fanút Tulln

17.00 oere oankomst bij Jimbar 
Om goed 17.00 oere binne de 14 lifters en liftsters wer oankommen bij Jimbar. Min fan de lange reis mar fol moaie ferhalen. Anna-Marie Wijnia wie der gelyk bij om de ferhalen op te fiskjen foar Diggelfjoer.
Wij hawwe yn alle gefallen heard dat it net folle skeeld hie of Sjoerd hie syn SDS-sjaal kwyt ôfstien. Dêroer letter mear.

Berjocht út Eastenryk

Hallo Vybren!
Attached findest du ein Foto, dass ich von euch gemacht habe. Ihr ward wirklich eine Super-Gruppe!
Die Artikel aus der Zeitung schicke ich euch noch, wenn sie erschienen sind.
 
Liebe Grüße!
Albert