Weppers tiisdei 29-4

Weppers moandei 28-4
27 april 2008
Keninginneweppers!
30 april 2008

SDS 3
Jûn om 19.00 oere spilet SDS 3 thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen 4.

Kaart oer(net mear)
Bêste minsken,
troch omstannichheden ha ik in kaart oer foar de wedstryd SC Hearrenfean – Ajax. Dizze wedstryd is kommende tongersdei 1 maaie om 14.30 oere.
Je sitte heech en droech yn fak 414, rige 11, stoel 22 en dat foar mar 20 euries.
Hast belangstelling (en dyn namme is net Harm -Auke Dijkstra) mail dan nei
sjoerdvanbeem@hotmail.com belje mei ek op it nûmer; 0648713325.
Groetnis, Sjoerd.
*Kaart is ynmiddels ferkocht, oan Arjen Toering!
Bedankt en oant letter.
Groetnis, Sjoerd.

It trainen fan B1
It liket wol sa dat Klaas Pompstra as trainer fan B1 ûngemurken it fuotbal omsetten hat yn it keatsen. Sjoch syn bizarre ferhaal:
Oan de hearen fan SDS B1,
Ferline wike moandei (21 april) stie ik mei trije man (Arjan, Thor en Leandro) op it fjild. Wytse Lanting die mei de A-junioaren mei. In pear ôfsizzingen, mar guon wienen ‘samar’ fuortbleaun.
Hjoed 28 april stean ik wer mei
trije man
(Jarco, Thor en Leandro) op it fjild.
Dat bleaun ek sa, want de A-junioaren en it 3e wienen der net te trainen.
Wer in pear ôfsizzingen, mar guon bleaunen wer samar fuort. We ha it hiele seizoen al trochsette moaten, ûntank dat it muoilik wie.
Litte we it seizoen goed ôfmeitsje! Noch 2 wike traine en dan stopje we!
Woansdei 30 april gjin trainen!
Sneon thús tsjin Makkum, 9.30 oere yn de boks! We geane der wer foar!!
Ik rekkenje op jimme en oars skilje!!
PS: Oh ja, C1 trainde ek en Anne Brouwer hie wol san 14 (?) froulju op it fjild!
Groetnis,
Klaas

Net ôfsizze
In dringende oprop oan alle senioren. Dochs der alles oan om sneon fit te wêzen. Stel putsjes út, gean net keatsen en gean ek net nei de stêd. Want der moatte sneon 5 senioren alvetallen fuotbalje en troch dit lange wykein binne der fêst ek guon fuort.

Einstanden eredivisie
Yn de winterstop koenen jim jim foarsizzing dwaan oer de einstân yn de eredivisie. Yn de kommende Treffer kinne jim sjen wa ’t der it tichtste by siet.

Webstats
Trochdat wy net mear in fêste link hawwe nei de webside mei alle statistiken oer de SDS-side,wurdt der ek net folle nei sjoen. Dochs bliuwt it best aardich om hjir sa no en dan ris te sjen(klik hjir). Sa kamen wy der efter dat de measte minsken dy ’t op de SDS-side sjogge fia de webside fan Voetbalnoord by ús komme(klik hjir).

Gjin fuotbalnijs
Webmasters SDS,
Jimme hawwe grut gelyk om jimme op de SDS-side te beheinen ta it fuotbalnijs. Dat moat ek sa bliuwe. Mar om’t der de ôfrûne dagen al twa kear oandacht wie foar it keatsen (Sipke op 30 april op it Sjûkelân em de 3e
priis fan Feiko yn Weidum) miskien noch ien kear Frysk damjen: woansdei 30 april, moarns om 10.42 oere 4 minuten Frysk damjen yn Makkum, fersoarge troch de damklups de Rûge Wolf út Lollum en Hartwerd e.o út Hartwert.
De 4 minuten wurde koarter as de Salsaband der yn slagget om Maxima oan it dounsjen te krijen. Dêr kinne 50 stântjes op 100 fjouwerkantjes net tsjin op!
groetnis,
Fedde

Derút

Wij freegje jim om it ûndersteande listje ôf te meitsjen.
Gomes woe Hiele der út
Gomes wol Reker der út
Reker wol Lemic derút
Valcks wol Reker derút
Reker wol Valcks derút
Vergoossen wol Gomes derút
de Visser wol Reker derút
………………….

Truukje(5)
Dat truukje fan Henry juster wie mei nammen leuk. Dizze fan Drogba is mei nammen net sa maklik: