Weppers moandei 28-4

Weppers snein 27-4
25 april 2008
Weppers tiisdei 29-4
28 april 2008

SDS 3
SDS 3 mei alwer troch de wike ynhelje. Sy moatte tiisdeitejûn om 19.00 thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen 4.
De seleksje foar dizze wedstryd sjocht der sa út:
Kasper, Jelte, Sjoerd, Arjen, Jentsje, Ralf, Anco, Ronny, Gerard, Bauke, Jan, Jeroen en Pytrik.
De seleksje wurdt om 18.23 yn de boks ferwachte.

Net mear yn te heljen
It is no hielendal dúdlik. Gearard Posthumus is net yn te heljen as kluptopskoarder. Sneon skoarde bij it ienige doelpunt bij SDS 3. Nijkommers op
de list binne Jeroen Brouwer en Willem Wijnia.

Mei de bus

Sneontejûn is oppere om mei de bus nei Delfsyl te gean oankommende sneon. Om dit mooglik te meitsjen moatte der minimaal 20 supporters mei. Minsken dy’t belangstelling hawwe moatte yn ferbân mei de feestdagen snel reagearre. Dit kin oan’t  tiisdei 29 april, 16.00 oere en net in tel letter fia dit adres
o.anema@orange.nl of op tillefoannummer 06-20786194
De Aktiviteitenkommisje.

Ferslach
No ’t Jeltsje Sikma wer in bytsje mobyl is komt Siem Sikma fansels ek wer by SDS 1 te sjen. Spitich genôch levere dit ôfrûne sneon gjin 3 punten op. Fansels wol wer in ferslach(klik
hjir).

Net mear op it lytse fjildsje
Vanaf 1 mei is het kleine trainingsveld niet meer beschikbaar voor trainingen. Alles gebeurt dan op het veld achter de sporthal. Het kleine veld zal opnieuw worden ingezaaid en bemest.
vriendelijke groetjes Andre Vink

Keatsende fuotballers of fuotbaljende keatsers
It keatsezioen is wer los. Wij sille fierders gjin keatsútslaggen fermelde, útsein wannear it tige bysûnder is. Dochs kinne wij der net op hinne dat de earste SDS-er dy’t dit jier in keatspriis wûn hat, Feiko Broersma is. Hij wûn yn Weidum de tredde priis.

Op papier

It hie net folle skeeld of Stoffel Bouma hie sneon syn debút makke. Wij seagen efkes yn it boekje fan trainer Marcel en ûntdekten dêr wol hiel rare dingen.

Dichtsje
Sneontemoarns earst in de tún,
Moai waar, froulje te winkeljen,
Efkes in briefke om dudlik te meitsjen wer’t ik hinne bin,

It wurk dien
De fûgel flein
Es djes ien
Easterein
Mei freonlike groetnis,
Klaas Molenmaker

Betiid op bêd
Om skerp te wêzen foar in fuotbalwedstryd op sneon waard der altiten sein dat je dan freeds better net te let op bêd gean kinne. By SDS 2 waard der sneon it bewiis levere dat dizze theory net altiten op giet. Willem siet yn de nachttsjinst, lei pas om 8.30 op bêd, fersliepte him en stie pas om 11.10 nêst syn bêd om om 12.00 te fuotbaljen. Hy siet fêst noch fol adrenaline, want 22 sekonden nei it begjinsinjaal makke hy de earste goal al foar SDS 2.

SDS-famkes en-froulju op Hyves
Sawol de famkes fan SDS as de froulju fan SDS blike in eigen Hyves-side te hawwen. Sjoch hjir foar de famkes en hjir foar de froulju.

Truukje(5)
Foarige wike koenen jim hjir ferskeidene aardige truukjes sjen. De leukste wienen wy noch fergetten: