Keninginneweppers!

Weppers tiisdei 29-4
28 april 2008
Weppers tongersdei 1-5
30 april 2008

Keninginnedei
Spitoch genôch is der op Kenininginnedei gjin fuotbaljen, dus moatte wy hjoed wat oars betinke. Yn Easterein sil der wol keatst wurde, yn Makkum foardrongen(lykas yn Frentsjer), yn Amsterdam en Ljouwert in bult ferkocht en yn Wommels is neat. It is wierskynlik gjin waar om op de motor(klik hjir), dus ik tink dat ik mar op bêd gean……

SDS 3
SDS 3 spile justerjûn tsjin Leeuwarder Zwaluwen 4. By de rêst wie it noch 0-0. Wy binne benijd wat it úteinlik wurden is.

Nije Treffer
It is hjoed in moaie dei om efkes wat foar de nije Treffer te skriuwen. Mochten jim noch wat hawwe dan moatte wy it hjoed binnen hawwe. Mail it nei detreffer@vv-sds.nl!

Neikompetysje
Hoe sit it no krekt mei de neikompetysjes fan SDS 1 en 2? Wy hawwe it útsocht en jûn kinne jim hjir presys lêze hoe ’t it allegear ynelkoar stekt.

Slotjûn jeugd
As wy it goed hawwe dan is de slotjûn fan de jeugd dit kear op freed 16 maaie. Frij hâlde dus.

Argentijnse spits
Spesjaal foar Maxima hat Ajax fan ‘e wike in Argentijnse spits, Dario Cvitanich, nei Nederlân helle. Klik
hjir om te sjen as hy ek in bytsje balje kin of as it de nije Ivan Gabrich is.

Truukje(6)
Hie Maxima hjoed op it fuotbalfjild fan Makkum dit truukje sjoen dan wie se hielendal út har dak gien:

Hoefolle dûbele skaren binne dit wol net?

Nijs?
Of oars wat. Maile kin nei
dizze adressen.