Weppers tiisdei 29-1-2020

Sneon 25-1-2020
24 januari 2020
SDS 1 2019-2020 (earste helte kompetysje)
29 januari 2020

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De sealfuotballers meie moarntejûn wer los. Sy spylje yn it Haagje om 19.30 oere tsjin Futsal Heerenveen 5.

OFK 45+

Kommende sneon is it Iepen Sealfuotbalkampioenskip foar 45+ yn Frjentsjer. Foar SDS dogge sawisa Frans Stap, Tjeerd Dijkstra, Theo Postma, Jacob-Jan Oostra, Ids Boersma, Klaas van der Weg en Anco Elgersma mei.

Drok programma

Wy hawwe kommende sneon lyk wer in grut programma. De dei begjint mei ST. SDS/Nijland JO15-2 – LAC Frisia 1883 JO15-4, SDS JO12-1 – FC Harlingen JO12-1 en SDS JO11-1 – sc Berlikum JO11-1 om 9.00 oere en eindigt mei de wedstriid SDS Vr.1 – Zeerobben Vr.1 om 16.45 oere. Tuskentroch fuotbalje û.o. ek SDS 1, 2 en de JO19-1  en JO17-1 thús.

Poiesz-jeugdsponsoraksje

SDS docht dit jier ek wer mei oan de Poiesz-jeugdsponseraksje. Fanôf 10 febrewaris kinne jim wer munten sparje by de Poiesz. Jim kinne dizze by de Poiesz yn Skearnegoutum yn de SDS-bus dwaan of yn de kantine.

Troan

By SDS meie wy wol oer nije ideeën. Soe dit b.f. ek wat foar Douwe Posthuma wêze neist of yn de dug-out?

Alternative alvestêdentocht

Ofrûne sneon koe de hiele familie Dijkstra net fuotbalje……….. Dan moat der wat oan de hân wêze. Dat wie ek sa. Sy stienen yn Eastenryk op de redens om de Alternative alvestêdentocht te riden. De SDS’ers Tjeerd, Bauke en Jelte-Pieter Dijkstra riden dêr net allinnich, mar ek Ids de Boer. Alderaardichst, mar sneon mar wer fuotbalje tochten wy sa;)
Foto fan Petronella Tolsma

Ut de âlde doaze

Fan Elisabeth Breeuwsma krigen wy in prachtige teamfoto út it ferline. Wy hawwe efkes fernommen wêr en wannear as dizze foto nommen is en welk team as dit wie. Neffens ús binne wy der út. Dit soe it skoalteam wêze fan basiskoalle de Foareker út Easterein. Dit sil klas 5/6 west wêze en de foto is nommen yn 1986 yn Easterlittens.

Boppe: Gerrit Hingst, Robert Hoekstra, Folkert-Rients Vellinga en Gert-Jan Hiemstra.
Under: Robert Sybesma, Martin Overal, Jan-Simon Jelsma en Jaap-André Haitsma.

SDS-League

Steven Bergwijn giet noch nei de Spurs, mar hellet Feyenoord ek noch in tropyske ferrassing of  komt sc Heerenveen noch mei in ferrassende oankeap? Wy sille it sjen. Noch in pear dagen en de transfermerke giet wer ticht. Wy kinne dan eindelijk los mei de nije SDS-League. Nei it wykein komme de nije dielnimmersformulieren hjir op de webside. Je nije team meie je dan ynleverje foar sneon 15 febrewaris om 19.00 oere.

Harsens derby (2203)

Boem is ho!