Weppers tiisdei 17-11-2026

Sneon 14-11-2026
13 november 2026
Sneon 14-11-2026
13 november 2026

Gearkomst

Wij freegje noch in kear oandacht foar de ledengearkomst fan SDS.
Dy is moarntejûn en it soe moai wêze dat de belutsenheid bij de klup ta utering komt yn in hiele grutte opkomst.
Dus leden, lit jim sjen.
It begjint om 19.30 oere.

SDS/Nijland JO14-1 blijft steken op gelijkspel tegen GAVC

Op de webside fan vv Nijland kinne jim elke wike it ferslach l6eze fan SDS/Nijland O14. Sneon spilen sy lyk tsjin GAVC O14-1. Jim kinne hjir it ferslach lêze.

Neisitte of foarsitte

De neisit dy kinne wij allegear wol.
Foar de aktive fuotballers is it gewaon om efkes om de rûne tafel te sitten, nei te praten, de emoasjes efkes sakje te litten en ien of mear del te drinken.
Ek foar supporters fan SDS 1 kin it sa’n momint wêze om de sneontemiddei nei in thúswedstriid ôf te sluten

Foarsitte, dat komt minder foar mar it is der wol. Ek bij SDS.
Sneontemoarns om 10.00 oere sitte se op harren fêste plak bij it rút mei sicht op it fjild.
Dat sicht op it fjild is net it wichtichtse, nee, dat is de moeting
In praatsje, in roddeltsje, in nijtsje, mar ek petearen dy’t der ta dogge.

Floris, Anne, Popko en Aant as fêste kofjedrinkers en regelmjittich in ‘gastsprekker’,  yn dit gefal Dennis


Immie makke dizze prachtige foto.

Kantine

Tongersdeitejûn nei it trainen is de kantine iepen foar in hapke en in drankje. Kinne je moai de ledengearkomst noch efkes oereidsje. Tim Sweering soarget foar de hapkes en snapkes.

Harsens derby(2428)

Hûnen oan de line……..