Weppers tiisdei 28-3-2023

Weppers moandei 27-3-2023
27 maart 2023
SDS-ledengearkomst tongersdei om 20.30 oere
29 maart 2023

SDS 2 – Rijperkerk 2

In pear wiken lyn gyngen in oantal fan de Rypstjerkster Protters 2 nei it bûtenlân op wintersport. Dêrom meie se jûn om 20.00 oer nei Easterein foar de kompetysjewedstriid tsjin SDS 2.

EB

De letters EB stean foar Efkes Balje, dat wit elkenien.
Tusken oktober en juster like it mear op Efkes Bekomme.
Hast 6 moanne net aktyf op freed en no samar los op moandeitejûn. De belangstelling is der noch altiten. It entûsjasme fan de 11 dy’t yn it fjild stiene like grutter as dy 11 dy’t om 20.45 begongen.
In hege skoare, dat wie fan te foaren net sein. Dat barde wol 8-6 yn it earste potsje wêr’t de ûnwennigens dúdlik sichtber wie. It winne wollen dat ûntbruts der net oan. In moaie striid mei wikseljende kânsen.
Bij sinneûndergong efkes in momint om bij te drinken en dêr nei de finale. Elkenien wie noch hiel, dus like it guon better om sa gau mooglik twa finale doelpunten te meitsjen. Dat slagge troch Wouter en Jappie
At jim Wouter, Johan Gerben, Wybren, Friso, Sipke, Ferrie, Harrie, Bertus, Han of Jappie wat stiif rinnen sjogge hjoed dan komt dat fan juster.
Sels haw ik dêr hielendal gjin lêst fan…..
Aant

SDS 2 seal

Woansdeitejûn is der wer in sealwedstriid yn de pleatselike sporthal. SDS 2 treedt oan tsjin NTW 1. Dat team hat op dit momint twa kear safolle punten..
Nei dizze wedstriid binne der noch twa te gean.

Johan Dersken yn it Dielshûs

De kaartferkeap foar Johan Derksen yn it Dielshûs giet noch altiten as in spear. Wolle je der ek by wêze helje dan kaartsjes by de DA-Fizel of it Snackhûs yn Wommels.

Harsens derby (2152)

Dikke bam!