Weppers moandei 27-3-2023

It SDS-FIFA 2023-toernoai foar de jeugd oant en mei de JO13 sit fol!
26 maart 2023
Weppers tiisdei 28-3-2023
28 maart 2023

Nije trainers foar de JO19

Per folgend seizoen sil Johan Wittermans de JO19 fan SDS traine tegeare mei syn assistint Richard de Greef. Earder hawwe sy û.o. de froulju fan SDS Vr.1 traind. It bestjoer fan SDS is hjir tige wiis mei.

Frysk Deiblêd

Hjor stiet der yn it Frysk Deiblêd in stikje oer SDS 1 – Makkum 1.

Efkes Balje

It is al hiel lang stil oer it Efkes Baljen.
It lei wat op syn gat.
Mar hjoed, op moandeitejûn komme se izersterk en manmachtich wer foar it ljocht. Jûn om 19.30 pakke mar leafst 12 man de tried wer op.
Hopenlik foar langer tiid.

SDS 2

SDS 2 ferlear sneon mei 3-6 fan VVI 2. Henk Bootsma makke dizze foto dan ek foar de wedstriid.


Steand: Flagger Klaas de Haan, Mark Klijnsma, Wessel Schraa, Sietze Stoffelsma, Jort Strikwerda, Tim Sweering, Tjitse Postma, Robin van der Weg en stikjeskriuwer Jan Los.
Sittend: Steven van der Pol, Wessel Wijnja, Jurjen Los, Bote Strikwerda, Bauke Dijkstra, Arjen Los, trainer Samir Tawafra en Eeltsje Bootsma.
Op de foto misse: Lieder Rick Hendriks, Ewout de Boer, Jesse van der Weide, Anne Stenekes, Tom Wijnia, Jente Schraa en Lieuwe Vriesema.

Samir Tawafra

De trainer fan SDS 2 hat it drok, want sy meie mei SDS 2 moarntejûn alwer balje. Sy meie thús om 20.00 oere ynhelje tsjin Rijperkerk 2.

Tongersdei 20.30 oere SDS-ledengearkomst

Kommende tongersdei is wer ús jierlijkse SDS-ledengearkomst. Alle leden binne hjirby fan herte útnoege. De aginda kinne jim yn de Treffer fine en hjoed of moarn hjir op de webside.

Harsens derby (2151)

Hatseflatse!