SDS-ledengearkomst tongersdei om 20.30 oere

Weppers tiisdei 28-3-2023
28 maart 2023
Weppers tongersdei 30-3-2023
30 maart 2023

Alle leden fan SDS binne hjirby útnoege om tongersdei nei de ledengearkomst te kommen. It begjint om 20.30 oere. Fansels is der kofje mei wat lekkers foar elkenien en nei de tiid in hapke en in snapke.


Útnoeging SDS-ledengearkomst
op tongersdei  30 maart 2023
Jûns om 20.30 oere yn’e kantine op Sportpark de Skoalleseize.

Foarearste wurklist:
1. Iepening
2. Fêststellen wurklist
3. Meidielings en/of reaksjes op de notulen en it jierferslach **
4. Ferslach fan de sponsorkommisje
5. Ferslach fan de jongerein kommisje
6. Jierferslach fan de ponghâlder en fêststellen begrúting
7. Ferslach kaskommisje en beneamen nij kommisjelid
8. Fêststellen kontribusje

SKOFT

9. Bestjoersferkiezing:
Oftredend en net op ‘e nij te beneamen: foarsitter Willem Wijnia
Foardracht fan it bestjoer: Helga Develing
10. Skoalleseize
11. Rûnfraach
12. Slúting

**  It ferslach fan de foarige ledengearkomste en it jierferslach kinne jimme opfreegje fia info@vv-sds.nl

Sterk Door Samenspel; dus oan’t sjen op tongersdei 30 maart!

It bestjoer fan SDS