Weppers tiisdei 27-5

Weppers moandei 26-5
26 mei 2008
Weppers woansdei 28-5
27 mei 2008

Op de wein(1)

At je kampioen wurde, dan is in rûntsje op de boerekarre troch it doarp wol hiel leuk. At je fia de neikompetsyje promofeare is dat ek eluk. En at je no sân binne of yn de fjirtich, beide keren is it leuk. Nico Ruiter makke dizze foto yn Wommels, ûnder oaren fan syn soan Hjalmar.

Op de wein(2)
Sa seach it der fanôf de platte karre út:


Op de wein(3)
Der wienen sels bêrn dy ’t der al op rekkene hienen dat SDS 2 de neikompetysje winne soe en hienen al in spandûk klear:


Yn de bus
Yn de bus nei in útwedstryd hat in bult foadielen. Mei nammen weromreis. Je kinne ien keapje en binne dochs op wei nei hûs. Dit is it ieneige “lytse” neidiel: 


Midsimmercup 2008
Sneon 7 juny wurdt de Midsimmercup wer ferspile yn Dronryp. der docht ek in ploegje fan SDS mei. It begjint om 11.00. SDS sit yn poule 6:
DTD
NOK
Warga
Veenwouden
SDS

Traine yn Wommels
De froulju traine jûn wer yn Wommels. Sij kinne der mar net genôch fan krije.

Bliid?
De mannen fan HZVV 2 binne tige bliid dat SDS 2 wer by harren yn de Reserve 1e-klasse fuotbaljen komt………..(klik
hjir).

Treffer
De dikte fan de kommende Treffer wurdt bepaald troch de stikjes dy’t binnen komme. It begjint er no al aardich op te lykjen, mar it falt ús wat ôf dat SDS 4 nei sa’n goed seizoen net efkes wat op papier set. Ek A-1 lit it raar sitte. Of sitte dêr gjin skriuwers bij?

SDS EK-League
Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik hjir foar mear ynformaasje. Jim hawwe noch 11 dagen om him yn te leverjen.

Kuyt net nei it EK?
Wat my oangiet kin Dirk Kuyt dit EK wol thús sjen…..