Weppers moandei 26-5

Foutsje yn SDS EK League!
26 mei 2008
Weppers tiisdei 27-5
26 mei 2008

Trainers, lieders, flaggers….
De famkes fan SDS binne noch op syk nei in trainer.
De froulju hawwe noch ferlet fan in lieder/flagger.
Foar mear ynfo of opjefte kinne je skilje, tusken 17.00 en 19.00, nei: Anke van Asselt, 06 42 51 66 39

Aai op it fjild!
Dit berjocht krigen wy juster fan de Skoalleseize:
tot nader order is het a-veld buiten gebruik wegens gezinsuitbreiding


Fan herte lokwinske!(1)

Ôfrûne sneon is ek Eems Boys promofeard. Sy promofeare nei de 1e-Klasse. De ploech út Delfzijl, en tsjinstanner fan SDS 1 yn de neikompetysje, wûn ôfrûne sneon fan Olde Veste út Steenwyk. Dit berjocht krigen wy fannemoarn út Delfzijl(klik
hjir).

Fan herte lokwinske!(2)
Wy kinne ek Waterpoort Boys 2 felisitere. Sy wûnen de beslissingswedstryd tsjin ONS 3 nei ferlenging en promofere nei de Reserve 2e Klasse. Klik hjir foar de bylden fan de wedstryd yn Toppenhúzen.

Famkes en froulju: kom by SDS!
Famkes en froulju dy ’t graach by SDS fuotbalje wolle kommend seizoen moatte dit efkes lêze(klik
hjir).

Tige by tige!
Mei dat SDS 2 de neikompetysje wûn hat ôfrûne sneon heare de sponsers ek in bytsje yn it sintsje setten te wurden fansels. Nico Ruiter(Delphi Makelaardij en Freule Beautycenter) en Rudolf de Jong(Allicht) namens SDS 2 tige by tige foar jim rûntsje bier sneontejûn!

Feteranentoernoai CSL
Kommende sneon is der by CSL yn Stiens in feteranentoernoai. Hjir soe mooglik ek in ploechje SDS’ers oan meidwaan, mar dat giet net troch. Mulier docht al mei en spilet miskien wol mei 5 Hofstra’s yn ien team(klik
hjir).

SDS EK-League
Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik hjir foar mear ynformaasje. Jim hawwe noch 11 dagen om him yn te leverjen.

Beckham
Wy wienen him eins al in bytsje ferjitten, mar hy kin dochs noch wol aardich fuotbalje; David Beckham: