Weppers tiisdei 26-4

SDS VR.1 kampioen!
24 april 2016
Op nei keunstgers!
26 april 2016

SDS-slotjûn 14 maaie
Sa ’t jim wol witte hat SDS 1 syn lêste wedstryd fan it seizoen op sneon 14 maaie tsjin Oudehaske 1. Dit sil de lêste wedstryd wêze op it haadfjild sa ’t it der no by leit, want 17 maaie giet de skeppe der yn om keunstgers oan te lizzen. Wy binne fan doel om der dy sneons in spesjale dei fan te meitsjen. Sa komt sawiesa Jan Nota spyljen en komt der in barbekjoe en binne wy fan doel inkelde aardige aktiviteiten op it haadfjild te hâlden. Dêrneist komt der ek wer in lytse feiling en is der Draaiend Rad!
Hâld foar mear ynformaasje de webside yn de gaten en hâld 14 maaie yn elts gefal frij yn je aginda.


Feyenoord

Je kinne se de kommende wiken mei de noas oanwize al dy Feyenoord fans bij SDS. Se hawwe jierren fol hoop west en de ferwachtings wiene der altyd en dan yniens kinne jim harren lokwinskje as bekerwinaar. Marco Hoekstra makke dizze ge-wel-di-ge foto…

Keepersdei

It is noch hiel fier fuort, mar om der bij te wêzen moat je der no miskien wol bij wêze…

Skorst
Sawol Erik Haitsma as Tsjipke Okkema krigen sneon in giele kaart by SDS, dus dat betsjut dat sy sneon beide skorst binne.

Wer thús!
Kommende sneon spilet SDS 1 op ‘e nij thús. No meie sy tsjin QVC. Wy hoopje op 3 punten en kinne wy nei de tiid noch efkes ien keapje op it kampioenskip fan Vr.1. En soenen SDS A1 en SDS 3 miskien……… 

Harsens derby (1710)
By it fuotbaljen neame je soks in eigen goal, mar wat is it eins by basketbal?