Weppers tiisdei 26-1

Kontribúsjes Fryske fuotbalferienings
26 januari 2016
Weppers woansdei 27-1
26 januari 2016

SDS 2 traint mei jongens fan A1
SDS 2 traint jûn foar it earst wer yn 2016. Sy traine efter de sporthal tegeare mei de mannen fan A1 dy ’t net mei SDS 1 meigean te oefenjen yn Boalsert. De training begjint om 19.30 oere en stiet ûnder lieding fan Bote Strikwerda.

Keunstgers
Jûn sil de Skoalleseize tegeare mei lju fan SDS om tafel mei Antea om ien en oar te bepraten oer it oanlizzen fan it keunstgersfjild.

Woansdeitejûn efkes gjin sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 hoefe moarn net te sealfuotbaljen. De útwedstryd tsjin VWC giet net troch. Dat skeelt in reis nei Munnikeburen…….

SDS’er derop út!
It kin wêze dat jim jûn op de tillevysje by Liverpool – Stoke City in SDS’er sjogge. Freddy Scheltema sit op de tribune by dizze wedstryd yn de heale finale fan de League-Cup.

Moarn mear!