Weppers tiisdei 25-11

SDS-klean fan Sinterklaas
24 november 2014
Piet Roersma nije trainer SDS 2
25 november 2014

SDS 2 hat in nije trainer!
It hat efkes duorre, mar SDS 2 hat dan eindelijk in nije trainer. It is noch net wis wannear ’t hy eksakt begjinne sil, mar dat sil net lang mear duorje en miskien sels wol foar de winterstop. Moarn sille wy him hjir efkes foarstelle op de webside. Sa kinne jim noch moai efkes yn spanning bliuwe.

Doelpunten
De VR 1 en de V2 diene it sneon prima. De Vr1 wisten de altyd lestige lyntsjesnijers op 2-2 te hâlden en de Vr2 setten Nicator oan de kant.
De doelpunten binne makke troch: Tjitske (3) en Jeska (2) bij VR2 en Kirsten en Jeska bij Vr1.

Kampioen?
SDS D1 kin kommende sneon al kampioen wurde! Sy moatte thús om 8.45 oere tsjin Leovardia en hawwe oan ien punt genôch. Allegear komme dus!

SDS 2 om 14.30
De wedstryd fan kommende sneon tusken SDS 2 en CVVO 2 begjint net om 15.00, mar om 14.30. Y.f.m. it gau tsjuster wurden hienen de spilers oars yn de twadde helte bouhelmen mei in ljochtje op hawwe moatte.

Standen
De standen nei dit wykein binne wer bijwurke en jim kinne hjir sjen dat der sneon in team kampioen wurde kin.

Trainingsbroek kwyt
Nei de thúswedstriid ôfrûne sneon fan de F2 lei Berend syn SDS-trainingsbroek yn maat 152 net mear yn de klaaikeamer (boks 6). Syn namme stiet op it labeltsje. Is der immen dy’t de broek per ûngelok meinommen hat? Dan heare wy it graach! 
Berend Santema (till. 0515-333377)
Alfest tige tank! 
Petra

SDS E5 – LSC E11 (3-1)
LSC hie it oan’t no ta nog net sa geweldich dien yn de kompetysje, behalve forige wike tsjin Oudegea. Dêr spile LSC 1-1 gelyk tsjin. Wy ferlearen in pear wiken werom 9-1 fan Oudegea. Dus dat sette my wol oan it tinken. Mar nei in lyts praatsje mei de coach fan LSC die bliken dat LSC soms beskikte oer in hiele goeie keeper dy’t echt alles út de goal hâlde koe (!). Mar dy wie hjoed net mei. Gelokkich foar ús. No ja. Mar gewoan begjinne en mar sjen hoe it gean soe. 8 tsjin 8 giene wie om njoggen oere los. It gie wol aardig gelyk op en LSC hie wol in aardige goeie spits wer’t ús ferdiediging betiiden de hannen (fuotten) fol oan hie. Dit wie dan ek degene dy’t nei in minuut as fiif de 0-1 makke. Fol fertrouen de bal wer op de middenstip en mar wer balje. Wy hiene dizze iene spiler no wol aardig op de korrel en d’r waard him dan ek net folle romte joen om te baljen. By flagen waard d’r troch ús prachtig moai kombineert en sa tikjendewei wiene wy faak by de goal fan LSC te fienen. Foar ús wie it Minke dy’t mei in prachtige lop de bal oer de keeper tilde en de 1-1 makke. Dernei wiene it faak lange ballen rjochting de goal fan LSC. It oertikjen waard oerslein. Jammer. Want LSC joech romte genoch om dat te dwaan en dat makket it safoller maklikker. Milan wist in pear kear opkommen fanút it middenfjild de bal wol aardich foar de goal te krijen. Hirby waard in pear kear de latte, peal en keeper rekke mar de rebound wie goed en makke hy it toch tot twa kear ôf wertroch wie mei 3-1 foarsprong de rêst yngongen. De twadde helte wie net folle mear as panykfuotbal. Folle binne wy net mear foar de goal fan LSC west. It spul spiele sich hoofdsakelik op ús helte ôf. Toch wist LSC net mear te skoaren en wie de oerwinning dus foar ús. Trije punten derby….. én wer trije euro foar de klub fertsjinne. Folgjende wike út tsjin Skearnegoutum E2. In dreeche pot, mar mei in pear wiizigingen hjir en dêr en in nije geloofsoertsjoeging fan myn kant, tink ik wol te dwaan. 
Herman

Movember
Om oandacht te freegjen foar prostaatkanker dogge wy wy as SDS ek wat mei Movember. Inkelde SDS’ers binne drok oan it sparjen foar in krease snor. Wy ferwachtsje ynkoarten yn elts gefal foto’s fan Jeroen Brouwer, Skelte Anema, Jaap Toering, Elger Turksma, Enne Bruinsma en ien fan de wepmasters. By SDS 5 koenen wy gjin snorren fine. Of soe Sytse ien hawwe?


Efkes Drave
Freedtejûn Efkes Balje en sneontemoarn Efkes Drave. Foar de measten giet soks net op fanwege stive skonken, blaue eagen of oare krupsjes. Op Wouter Hylkema stiet lykwols gjin maat. Mei in  prachtige 53.29 finishte hij op de Slachterin yn Wommels, neidat freedtejûn Efkes Balle. De oare Efkes Baller, Syb Overal liet it freed efkes ôfwitte en fleach dan sneon ek nei in 47.45 op de 10 km. Alle útslaggen en sifers fan oare toppers kinne jim
hjir sjen.

Harsens derby(1379)
Hy sit al, mar freegje net wêr troch!





Letter miskien mear!