Weppers moandei 23-6

Stân SDS EK-League 23-6
23 juni 2008
Weppers tiisdei 24-6
23 juni 2008

Nije leider(s) SDS 3
Jan Stenekes wurdt kommend seizoen de nije leider fan SDS 3. Hy sil assistentie krije fan Sjoerd van Beem en Jeroen Wagenaar.


Fuotbalfestijn
Kommende sneon is der yn it swimbad fan alles te rêden op fuotbalgebiet. Sa kinne der û.o. penaltys nommen wurde op in “beroemde” Wommelser, is der in wedstrydsje heechhâlden en in libjend fuotbalspul(klik
hjir).

Tarieding SDS 1
It oefenprogramma fan SDS 1 liket no rûn. Fannemoarn krigen wy grien ljocht fan André Vink. It sjocht der sa út(klik
hjir).

WK
Jûn wurdt der om 20.00 wer fuotballe yn Wommels op it sportfjild. Ate Feike de Boer is der sawiesa, want hy hat justermiddei ferzaakt.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Foardat it nije seizoen begjint wolle wy dochs probearje it TRS kompleet te krijen. Dit om gefallen sa as mei Skelte yn de takomst foarkomme te kinnen. De hiele list komt dan yn it bewarnûmer fan de Treffer en fansels hjir op de webside. Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!


Wat no?
No ’t it Nederlâns alvetal útskeakele is mei it EK, moatte wy op syk nei in oare favoryt. Tom is al drok op syk:


Voetbal Insite
Rusland hat Nederlân útskeakele op it EK. Wat fynt Johan Derksen hjir fan(klik
hjir).

Jiskefet
Oan it begjin fan de foarige ieuw stie it fuotbaljen noch yn de berneskuon. Sjoch hjir mar ris:


Mear?
Hawwe jim mear mail it nei
info@vv-sds.nl!