Weppers tiisdei 22-9

Sealfuotbal jeugd
21 september 2009
SDS League: Floris pakt wykpriis!
23 september 2009

NOK Da1 – SDS Da1
It slagge de froulju fan SDS Da 1 net in kNOK out út te dielen oan de ploech t Gaasterlân. Se ferlearen mei 7-1. Joutsen skoorde it ienige doelpunt fan SDS tidens dizze ljochtwedstryd.

Gjin feroaring
In drege klus om yn 22 minuten in efterstân fan 1-2 om te setten yn in gelykspul of oerwinning. It slagge SDS dan ek net. Wol in soad balbesit, wol wat mooglikheden mar grutte kânsen wiene der oan de oare kant. It bleau dus 1-2 foar Minnertsgea.

SDS League
As alles meisit dan kinne jim hjir moarn de nije stân fan de SDS League fine.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn!
Moarntejûn wurdt der foar it earst dit seizoen wer folop sealfuotballe yn Easterein. Der binne sels 2 wedstriden efterelkoar. Om 20.30 spilet SDS 1 tsjin Friesland 2 en dêrnei spilet SDS 2 tsjin ZVF 2.

Gjin keeper?
It is noch in ferrassing wa ’t der moarn keepet by SDS seal 1. Jaap Toering hat lêst fan in slimme Ljouwerter grypfirus en Jan-Simon Jelsma hat in dik ankel. Wy binne benijd wa ’t der no keepe sil.

Ajax hooligan ?

Dit hie ferline jier it byld bij Ajax wêze kind. Sa’n kapusjon-hooligan dy’t it oernimt fan van Basten en dy’t Suarez, van der Wiel, Rommedahl en Wielaert fertelt hoe’t je steane moatte.
It is lykwols Rients de Boer, dy’t mei pine yn it ear dochs traine woe mei syn teamgenoaten fan E2.

Doelpuntenmakkers
De senioren en de froulju hawwe oant no ta 37 doelpunten makke. Jim kinne
hjir sjen wa’t dat binne en yn hokker alvetal der skoard is.

Foto SDS 1
Foar 2 wiken werom gie de A-seleksje nei Boalsert foar in teamfoto by de haadsponsers American Base en Hanzedruk
. Spitich genôch binne de foto’s net hielendal slagge.

It wie in bytsje mistich seker.

SDS F4
It is dúdlik oan de foto te sjen dat dizze foto makke is neidat SDS F4 foar it earst wûn hat:


Harsens derby (70)
Sels Materazzi hat de kop der wolris net hielendal by: