SDS League: Floris pakt wykpriis!

Weppers tiisdei 22-9
22 september 2009
Weppers woansdei 23-9
23 september 2009

Úteinlik hawwe wy dochs doch dielnimmer 86 boppe wetter krigen. Hjalmar Ruiter syn team stiet der no ek by.
It wykein koe al net mear stikken foar Floris Hiemstra mei syn jierdei, de winst fan Ajax en ek noch it ferlies fan Feyenoord. Allinnich dat de A’s ferlearen wie in lytse domper. Dat hy dizze wike mei “100% Anti-Feyenoord” de wykpriis pakt makket fansels in soad goed. Hy hie mar leafst 61 punten. Dit wie krekt ien mear as “The Dike Side” fan Dirk de Jong.
hspace=0 

“De Berrieboys”(Remco en Frank Bervoets en Pieter Sytsma) steane noch altiten dik boppe-oan. Frank miende dat sy 50 punten pakten dit wykein, mar it blike der sels 52 te wêzen. Sy steane noch altiten 8 punten los fan nûmer 2: “100% Anti-Feyenoord”.

In pear ploegen binne hurd sakke op de ranglist fan ‘e wike (sjoch b.f. “Al Bundy…..” en “FC Kakkerlak”), mar der is net ien sa hurd sakke as “FC Zwartbroek” fan Tsjerk van de Pol. Mei de broek yn de hichte op nûmer 13 sakket hy no nei de “broek op de ankels” op nûmer 78…….

“Sytsinho”(Sytse Hibma) hat it lêste plak oernommen fan “Samar 11 fan 11” fan Fedde Wiersma. Foar Sytse is dit fansels wol in lytse domper op it wykein neidat hy ôfrûne sneon in fertsjinstlik debút makke hat yn SDS 3.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.