Weppers tiisdei 22-9

Weppers moandei 21-9
20 september 2015
Weppers woansdei 23-9
22 september 2015

Programma sneon 26 septimber
11 thúswedstriden binne der sneon yn Easterein en dat betsjut dat de wedstryd fan SDS 1 tsjin Workum 1 om 15.30 oere begjint.
It hiele programma kinne jim
hjir sjen.

Betterskip!
Inne Heerma hat sneon by de wedstryd fan SDS A1 tsjin MKV syn noas brutsen. Hy moat in wike mei in spalk rinne en mei 8 wiken net oan kontaktsport dwaan. Wy winskje him in hiel soad betterskip ta!

Oanwizing

It liket Boudewijn Kramer wol wat dat sokke buordsjes op in hiel soad plakken komme te stean.

E4

E4 yn byld, mei 4 jonges en 5 famkes…..

SDS League
De ienkoppige kommisje fan de SDS League is drok dwaande om alle teams fan de SDS League yn te fieren. As alles meisit komt freed de earste tuskenstân.

Ferslaggen
Der binne noch in oantal ferslachjes fan sneon binnenkommen, û.o. fan C1 en C3. Sjoch
hjir.

Champions League?
Sneon is der net allinnich SDS 1 – Workum 1 yn Easterein, mar ek Champions League. Champions League Llargues wolteferstean. Oftewol peloten. Dit begjint om 12.30 oere op it MFT-terrein.

Harsens derby (1594)
Wy tinke dat SDS 1 sneon snel skore wol tsjin Workum 1. Hjir sil dan jûn wol op traind wurde: