Weppers moandei 21-9

Weppers snein 20-9
19 september 2015
Weppers tiisdei 22-9
21 september 2015

Barfrijwilligers
De Skoalleseize is drok op syk nei lju dy ’t sneons wol efter de bar stean wolle yn de fuotbalkantine. Wa ’t dit wolris wat ta liket mei maile nei info@vv-sds.nl.

Foto’s
Mei tank oan Douwe Dirk Reitsma, dy’t as fotograaf de alvetallen en alle spilers op de foto set, stean der no wer in oantal alvetal- sântalfoto’s op de wepside.
De foto’s fan SDS 1, A1, D2, C1, E4, E3, C3 en de mini’s kinne jim no op de side fine ûnder it kopke senioren, jeugd of froulju.
De oare teams sille dizze of nije wike noch komme.

Mini’s

Foar de mini’s dy’t alle sneontemoarnen harren eigen toernooi hawwe yn Easterein is dit wierskynlik de earste alvetalfoto.

Alvetalfoto?
SDS 2 soe ôfrûne sneon ek op de foto. Sy hienen de sjurtsjes al kreas by de broekjes yn en stienen mei syn allen klear efter it boerd fan sponser Bouwbedriuw Bootsma doe ’t fotograaf Bauke de Boer syn kamera út de koffer pakte. Doe ’t hy it klepke fan de lens die foel him wat op. SDS 2 stie yn de sjurts fan SDS 1………. Spitich genôch binne hjir gjin foto’s fan…..

Flagje
De earste 3 kompetysjewedstriden fan SDS 1 hawwe sy eltse kear in oare flagger hân. Earst Enne doe Sjoerd en ôfrûne sneon Jelle de Boer. Kommende sneon makket Rick Hendriks syn debút.

Doelpunten
Wij hâlde de doelpunten fan de 4 seniorenalvetallen en de twa VR teams al jierren bij. Totaal binne der no 41 doelpunten makke en der binne no al twa mei  8 doelpunten. Sjoch
hjir.

Op ‘e bank
Somtiden is fuotbaljen krekt je wurk. Nim Hendrik Engbrenghof. Hy wurket op de bank en siet sneon de earste helte by SDS op de bank syn krêften te sparjen.