Weppers tiisdei 22-7

Weppers moandei 21-7
20 juli 2008
Weppers woansdei 23-7
22 juli 2008

Programma SDS 1
It programma fan SDS 1 foar it seizoen 2008-2009 is bekind.
Foar de winterstop sjocht it der sa út.

6-sep-08 De Weide SDS
13-sep-08 SDS Heerenveense Boys
20-sep-08 VHK SDS
27-sep-08 SDS Nijland
4-okt-08 Waterpoort Boys SDS
11-okt-08 SDS L.T.C.
25-okt-08 Hollandscheveld SDS
1-nov-08 SDS Oldeveste
8-nov-08 SDS Oeverzwaluwen
15-nov-08 Meppel SDS
29-nov-08 SDS Olympia 28
6-dec-08 SDS De Weide
13-dec-08 H. veense Boys SDS

Raar fersin

It wie in raar fersin fan ien fan de webmasters om te skriuwen dat bij NOK it moaiste skoareboerd hinget. Bij neijer ynsjen is it in hiel ûnsjoch ding.

Keunstgers
SDS 2 sit dit jier bij ONT 2 yn de kompetysje. De spilers fan SDS 2 kinne ek no noch mei eigen eagen sjen hoe hurd it
gers groeit yn de Pein.

WK 21 juli
It wiene hast wer ideale omstannichheden moandeitejûn op it skopfjild yn Wommels.
It wie droech, it waaide net hiel hurd, de bal wie rûn, de fêste supporters wiene der wer, it hier siet goed en sommigen wiene der net. Der wiene ek wat minpuntsjes: it fjild wie stroef, der wie in ûneven oantal en ……de doeltsjes wiene al wer te lyts.
Posityf wie wol dat Jacob Klaas, Gearard, Mark en Ralph mei fjouwer man de oare 5 dy’t wij fierder net mei namme neame sille, op alle fronten oan de kant setten.

Sukses

Wij winskje Tjeerd Dijkstra en syn mannen en frouen fan de KF yn Easterein in soad sukses ta mei de Jong Feinten partij dy’t woansdei 23  july holden wurdt.

Hawwe jim wat te melden, mail it nei dit adres