Weppers woansdei 23-7

Weppers tiisdei 22-7
21 juli 2008
Weppers tongersdei 24-7
23 juli 2008

WK
It hâldt mar net op yn dat knotsgekke fuotbaldoarp Wommels. Al wer in iepen WK. Tongersdei om 19.30 op it selde stik lân as oars. It sil wol wer spetterje lykas altyd.

Programma SDS1
Juster melden wij it programma fan SDS 1 oan de winterstop ta. Nei de winterstop binne der ek noch in oantal wedstriden te spyljen.

7-feb-09 SDS VHK
28-feb-09 Nijland SDS
7-mrt-09 SDS Waterpoort Boys
14-mrt-09 L.T.C. SDS
28-mrt-09 SDS Hollandscheveld
4-apr-09 Oldeveste *** SDS
11-apr-09 Oeverzwaluwen SDS
25-apr-08 SDS Meppel
2-mei-09 Olympia 28 SDS

*** Dizze wedstryd begjint om 15.00 oere.

Skoareboerd (1)
It is wat mei dat skoareboerd yn Aldemardum. Earst wie de bewearing dat it Feyenoord logo it boerd opsierde, doe kaam de foto mei it Ajax logo en no hawwe wij gelokkich de echte foto te pakken. Sjoch op de side fan NOK.

Skoareboerd (2)
De foto fan it skoareboerd mei it Ajax logo wie in produksje fan ús kollegawebmaster Sjouke Walinga fan ONT. Hij koe dat Feyenoord boerd as Ajaxfen net oan syn eagen ferdrage!!! Wij hawwe begrepen dat ek inkele SDS-ers lêst hawwe dizze earnstige oandwaning.

Fuotbal
It is suver noflik dat er efkes gjin fuotbal op tv is. It skynt ek better te wêzen foar de geast om der efkes ôfstân fan te dwaan. Dan hawwe je letter wer mear honger nei it sjen fan fuotbal. Foar wa’t der nea genôch fan krije kin, efkes in tip: Jûn spilet Belgie tsjin it Nederlânsk Olympysk alvetal. It begjint in oere as 8. En wa’t it sjen wol moat sels de stjoerder mar op sykje. Wij hoege ek net alles foar te sizzen.

Programma’s
Wij binne dwaande om fan alle programma’s in jieroersicht te meitsjen. Dat komt yn alle gefallen yn it bewarnûmer fan de Treffer. Tongersdei pleatse wij yn alle gefallen
SDS 2, 3, 4 en 5.

Muzikale groet
Wij slute ek hjoed wer ôf mei in muzikale groet. At de Beatles der net in hit fan makke hiene , dan hie dizze knaap fan 3 jier it wol dien.

 

Mochten jim noch wat te melden ha dan kin dat op dit adres