Weppers moandei 21-7

Weppers snein 20-7
19 juli 2008
Weppers tiisdei 22-7
21 juli 2008

WK
Moandeitejûn om 19.30 is der wer in WK op it skopfjild yn Wommels.

020
It koe fansels net útbliuwe. At je in stikje oer Feyenoord skriuwe dan wolle de Ajaxiden ek oandacht.
In stikje oer Feyenoord (en SDS) is leuk. Mar der hinget noch altyd mar ien reklameboerd om it fjild en jawol dat is fan…. AJAX.
At der dan in protte SDS ers Feyenoord as favoriete klub ha wearom hinget der dan net in boerd?
Yn 100 jier moat dat dan toch wol kinne?
Wa wit komt it der noch in kear fan.

Groetnis
In Ajaxied.

Ja, wij begripe ek net dat er gjin buorden fan PSV, Hearrenfean, Cambuur, Liverpool, Barcelona en Nijlân yn Easterein hingje.

Jongefeinten
It kin net oars as woansdei falle der SDS-ers yn de priis op de Jongefeintepartij yn Easterein. Want sij spylje úteinlik op it fertroude SDS fjild:
Ut Easterein, Itens, Wommels, Weidum en Easterlittens dogge der (âld-) SDS-ers mei. Sjoch
op de list.

Poes

De poes fan ien fan de webmasters wit wol wat it beste plakje is om oandacht te krijen. Op de desktop. Fierders is it ek in moai plak om de hiele dei wat te sliepen.

Moandei en it reint
At de waarberjochten wer útkomme dan sil it hjoed hurd waaie en in soad reine. Dat is al slim genôch. Boppedat is it moandei. Foar alle hurde wurkers dit wol wat tryste nummer mei de tapaslike titel fan “Rainy days and monday”

Hawwe jim wat te melden, mail it nei dit adres