Weppers moandei 21-4

Weppers snein 20-4
18 april 2008
Weppers tiisdei 22-4
21 april 2008

Programma hjoed

21-4-2008    18:30    Makkum E1 – SDS E3

Utslach Makkum E 1 – SDS E3
Zomeravondvoetbal. Alle leiders en ouders snel uit het werk naar huis, stuk brood in de mond en hup, op naar Makkum.
Waar Piter eerst nog wel eens vier kansen nodig heeft om één keer te scoren, vlogen er vanavond zomaar vier in. Dan nog een leep balletje van Frank, een monstergoal van Watze Jacob en twee sublieme treffers van Jorrit V. Als dan de verdediging slechts vier tegen treffers duldt, komt het eindtotaal op een souvereine 4 – 8 winst!
Tjerk van der Pol

Nei Barcelona
In pear wiken lyn wiene der al twa skouts fan SDS nei Barcelona om te sjen at Ronaldinho wat foar SDS wie. Der is twivel, grutte twivel, want je kinne it jild mar ien kear útjaan.
Oer twa wiken sille der dochs noch in oantal SDS skouts sjen: Robert, Peter en Roel Sijbesma sille nei Barcelona- Valencia. Mocht it mei Ronaldinho dochs neat wurde dan kinne se altiten noch besykje Ronald Koeman te strikken foar trainer fan de A’s.

Remiseskouder

Stoffel Bouma hat in remise skouder. Dêr kinne je wol mei fuotbalje en ek wol mei damje. Mar net mei keatse. Dooitse naam him tongersdeitejûn efkes ûnder hannen.

Posityf!
It stikje fan it Fean oer de wedstriid fan sneon wie frij posityf foar SDS. Marcel soe wize wurden sprutsen ha troch de lieders fan it Fean der op te wizen dat se harren better stil hâlde koenen. En der wurdt yn it stikje skreaun oer it ‘fenomeen’ Hendrik de Jong. Hiel objektief fan de ferslachjouwer oan de kant fan it Fean. Tocht ik.. want doe’t ik seach wa’t it stikje skreaun hie waard it my wol wat dúdliker….
sjoch
hjir mar:
groeten, Skelte


Fleurige neisit


SDS 4 wûn sneon al wer. De neisit is dan ek tige gesellich.

PSV Kampioen!(1)
Wy hawwe juster mar in pear mailtsjes krigen. Wy sille se jim net ûnthâlde:
PSV KAMPIOENEN!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!
Harm Dijkstra
PSV KAMPIOENEN!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!
Harm Dijkstra
PSV KAMPIOENEN!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!
Harm Dijkstra

15 doelpunten
In goeie skoare dit wykein. 15 doelpunten totaal. Koprinner Gearard skoarde ien kear en de konkurinsje meardere kearen. Ype Tiemersma (4) Bas (3) en Hendrik (3) komme iets tichterbij. Sjoch foar it klassemint
hjir.

PSV Kampioen!(2)
Ek yn Wommels wenje 3 grutske PSV’ers……….


Hectische taferelen op It Stalt in Wommels. Half SDS E3 zat in spanning voor Tele 2 af te wachten of het PSV voor de 4e achtereenvolgende keer zou lukken om landskampioen te worden. En ja hoor! Het lukte.
De ontlading was groot en met vlag en wimpel vlogen de echte fans door de straten.
T
jerk

FK-Sloeproeien
Ôfrûne sneon wie yn de Lemmer net allinnich CVVO 2 – SDS 2 mar ek it Iepen Frysk Kampioenskip Sloeproeien. De flagger by SDS 2, Klaas Overal, hie it der mar drok mei. Earst moast hy nei de sloepen, doe gau efkes flagje en doe as de soademieter tochter Hanny oer de streep skreauwe by it sloeproeien. It hat holpen want Hanny kaam mei har Skylger “bemanning”(of is it “befroulju?”) as earste oer de streep. Âld-SDS’er(of is ‘ie noch lid?) Klaas Malda waard by de manlju earste yn de boat fan Terherne. 

Barbecue
Sa ’t it no stiet giet de seleksje fan SDS 2 sneon 3 maaie barbecuen. Mooglik moat der middeis earst fuotballe wurde yn de neikompetysje.

Truukje(1)
Dit fûnen wy wol in aardich truukje.