Weppers tiisdei 22-3-2022

Sneon 19-3-2022
18 maart 2022
SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt wykpriis en kopposysje!
23 maart 2022

Anne Brouwer 75 jier!

Ofrûne snein is Anne Brouwer 75 jier wurden. Noch fan herte lokwinske!

SDS Vr.1

SDS Vr.1 sitte yn harren Champions-League-skema en meie jûn alwer balje. Sy balje jûn yn Snits om 19.30 oere tsjin Sneek-Wit-Zwart Vr.1. Op nei de twadde oerwinning wie foarôf de fraach. It antwurd is nee. it wurdt 7-1 yn Snits

Ynhelje

Yn 3A, de klasse fan SDS 1 is tiisdeitejûn in ynhelwedstriid spile. Heeg wûn mei 3-1 fan Oudehaske

Dirk de Jong

Ofrûne sneontemoarn waard Dirk de Jong net lekker oan de kant fan it fuotbalfjild. Sûnder dat der in tsjinstanner yn de buert wie foel hy der by del. Hy wie al gau wer by kennis, mar út foarsoarch is hy ûnder begelieding nei it sikenhûs gien. Hjir leit hy noch yn ôfwachting op de útslach fan in MRI-scan. Hy is ynmiddels aardich opknapt, hat gjin lêst mear en giet moarn nei de útslach fan de MRI wer nei hûs. Wy winskje him betterskip ta!

De nije Treffer

De nije Treffer leit by ús drukker en haadstiper Van der Eems yn Easterein, dus ynkoarten by jim yn de bus.

Kantine iepen

Lykas foar de Korona is de kantine eltse tongersdeitejûn iepen. Tongersdeitejûn sil de Anne Stenekes foar de hapkes en snapkes soargje en wa wit hat der noch wol in aardich húske yn de ferkeap.

COVOS-feest

Op sneon 9 april spilet SDS 1 thús tsjin SVM en wurdt it fêst gesellich yn de kantine. Nei de tiid is it in oanrieder om efkes op de oare kant te sjen. Dêr hawwe de follyballers en follybalsters fan COVOS grut feest.

Harsens derby (2360)

By SDS 3 wie der sneon noch wolris in spiler mei in teepke om de fuotbalskuon. Wiltsje Aardema fan SDS 4 die ek mei en frege him al ôf as dit ferplicht wie. Dat falt mei. It is gewoan tiid om nije fuotbalskuon te keapjen.