SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt wykpriis en kopposysje!

Weppers tiisdei 22-3-2022
22 maart 2022
Weppers freed 25-3-2022
25 maart 2022

Marten Faber pakt mei ‘Op nei de Top’ sawol de wykpriis as de kopposysje. Hy hie mar leafst 63 punten en liet Bas van der Weij ‘Kansloos’ mei 57 punten.
Marten hie blykber al in goed gefoel, want hy melde him sneon al foar 2 wiken ôf fan it fuotbaljen…….

Marc Hoekstra sakket mei ‘Hoekie Boys’ nei it twadde plak en stiet op 10 punten efterstân. Bas van der Weij stiet hjir wer in puntsje ûnder.

Hendrik Eringa kin wol ‘Paranoid’ wurde no ’t hy sa troch it iis sakket dizze wike. Mei mannen as Bijlow(FEY), Mazraoui(AJA), Wijndal(AZ), Gakpo(PSV) yn je team ferwachtsje net mar 13 punten te pakken en nei it ûnderste plak te sakjen. Mar it is al sa.

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 7