Weppers tiisdei 22-1

Koppie …koppie 5
20 januari 2013
Weppers woansdei 23-1
22 januari 2013

SDS 2 en 3
Tiisdei om 20.30 oere nei de sportskoalle yn Wommels.
Spilers sûnder 4 ritten kaart kinne foar 5,- euro mei dwaan.
Woansdei om 20.30 oere traine yn de sporthal yn Easterein.
Elkenien graach 1,- euro meinimme.
Groeten,
Jeroen & Marco

SDS 4 en 5 sealtraine
SDS 4 en 5 traine woansdeitejûn fan 21.30-22.30 yn de seal yn Easterein. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Klimme
SDS 1 kin noch wol wat plakjes klimme op de ranglist. Wij krigen noch wat foto’s fan klimtrainingen. Sjoch
hjir, en hjir en hjir

BMY
No ’t der troch de snie net folle fuotballe wurdt hoopje wy dat alle SDS’ers al goed om harren gewicht tinke. Of sa ’t Jan Nota sjongt;
“de Bealch Massa Yndeks”.

BMY(2)
Henk Bootsma mailt ús it bewiis dat de Haitsma’s, Tsjipke en Eeltsje yn elts gefal goed mei harren BMY dwaande binne.

Tsjipke sil yn Súd-Afrika wol net folle oan riden takomme

SDS D3 de seal yn
SDS D3 traint woansdeitemiddei fan 16.00-17.00 yn de seal yn Easterein.

Harsens derby(937)
Jaap Toering hat juster yn de sportskoalle drok dwaande west om dizze manier fan juichen ûnder de knibbel te krijen. Nije wike sil der nei de kapper: