Weppers tiisdei 21-3-2017

Weppers moandei 20-3
20 maart 2017
Weppers woansdei 22-3-2017
22 maart 2017

Jongste?

Juster hienen wy it hjir oer Peter Hoogerwerf dy ’t krekt foar syn 17e al syn debút makke yn SDS 1. Hy is net de jongste ea. Dat sil hast wol altiten Wiebe Heeres bliuwe. Wiebe wie 15 jier en 306 dagen doe ’t hy by SDS 1 ynfoel tsjin Broekster Boys 1. It soe ferstannich wêze dat Wiebe de jongste bliuwt om’t it doe hast in 4-1 overwinning op Broekster Boys koste. Ûnder de 16 meie jo namelijk net foar in senioren alvetal útkomme .

Trainer socht!

No ’t Mark Postma nei ONS giet moat SDS op syk nei in nije trainer foar Vr.1. Jûn stiet de fakature hjir op de webside. En op Voetbalnoord.nl en Tweenul.nl.

Seal

Woansdeitejûn is der sealfuotbal yn de sporthal. SDS 1 nimt it op tsjin Haskerland 4. It begjint al om 20.00 oere.

Siepy Visser stoarn

Dit ôfrûne wykein is op 64-jierrige leeftyd Siepy Visser ferstoarn. Hij wie sa tusken 1974 en 1981 de spits fan SDS 1. Hij foel op troch syn lange hier mar foaral foar it feit dat hij in noaske hie foar doelpunten. Technysk goed en each foar de goeie posysje. Ferdigenje wie net syn ding.  Hij wie der bij yn 1973 tidens de beslissingswedstriid tsjin DWP yn Snits en hij wie der bij doe’t SDS yn 1980 de titel pakte tsjin Delfstrahuizen. Yn beide wedstriden skoarde hij. Siepie Visser hat ek jierren sealfuotballe,
Nei syn aktive fuotbalkarriere hie hij in weromlutsen libben yn Wommels en kaam selden mear bij SDS.

Ut de âlde doaze in foto út 1980 , út 1973 en ien út de seal fan 1983. Ek Jan de Jong hie noch in moaie foto (fan 1968)  doe’t Siepy B-junior wie.  Ek in oantal stikjes fan stikjes út de LC wêr’t syn namme neamd wurdt as doelpuntenmakkeras herinnering.

As B junior yn 1968 sa ûngefear. Steand: Henk Boersma, Anne Boonstra, Jappie Bonnema, Tjerk Okkema, Rein Strikwerda, Jappie de Boer , Sietse van Schepen, Jan van Asselt.  Op hurken: Jan de Jong, Jan Joustra, Siepy Visser, Pieter Kleinjan en Piet de Jong

 

 

 

 

 

Steand: Tamme de Boer, Siepy Visser, Roel Sybesma, Johan Orsel, Jetze Wiersma ; Op hurken: Sipke Hiemstra, Anne Brouwer, Jan de Boer, Piet Sieswerda

Herinnering

In persoanlike herinnering oan Siepie Visser