Weppers moandei 20-3

Sneon 18-3
17 maart 2017
Weppers tiisdei 21-3-2017
21 maart 2017

Jongste?


Is Peter Hoogerwerf de jongste spiler dy’t ea yn SDS 1 spile yn in kompetysjewedstriid? Dat is de fraach nei de wedstriid QVC 1 – SDS 1 wêr ’t Peter de lêste 10 minuten ynfalle mocht. Peter wie sneon 16 jier en 363 dagen, want…….Peter hat hjoed syn jierdei. Fan herte lokwinske!

De measte!

Afbeeldingsresultaat voor jappie wijnia sdsFerline wike binne wy der efter kommen wa ’t de âldste doelpuntenmakker fan SDS 1 is. Eltsenien wit fansels wol wa ’t de measte goals ea makke hat foar SDS 1. Dat is Jappie Wijnia. Mar wa steane der noch mear yn de top 5? De list is makke mei help fan Voetbalnoord.nl.

  1. Jappie Wijnia 219 kear
  2. Hendrik de Jong 95 kear
  3. Robert Sijbesma 93 kear
  4. Dirk-Yde Sjaarda 62 kear
  5. Jelmer Posthumus 60 kear

Hjerrinkjes


De 3 hjerrinkjes dy’t fanút Starum yn Easterein oankamen wiene meinommen troch fiskkenner Forel Hiemstra

Doelpunten

It wie in meagere doelpuntensneon. SDS 1 skoarde net, SDS 2 en SDS 4 kamen net yn aksje, SDS VR1 skoarde 1 kear en SDS 3 skoarde twa kear. Sjoch hjir de list wêr’t Tjeerd de Vries no op it twadde plakje stiet.

Poiesz-aksje

Oant 2 april kinne jim de munten noch by de Poiesz krije en ynleverje. Foar SDS stiet der yn de Poiesz yn Skearnegoutum in koker. Yn de kantine stiet ek in Poiesz-bus.

Wy wolle hesjes!

By de ING kinne je 50 hesjes foar je klup krije as je op de sociale media de folgende foto pleatse. Dizze fine jim dan ek op ús Twitteraccount @ff_sds;

Harsens derby (1853)

Ho!