Weppers moandei 20-2

Sneon 18-2
18 februari 2017
Weppers tiisdei 21-2
21 februari 2017

SDS MO 15-2 sil oefenje

Kommende woansdeitejûn sil SDS MO 15-2 yn Berltsum oefenje tsjin Berlikum MO 15-1.

Munten aksje

Ek dizze wike binne der wer twa oanbiedingen bij Poiesz foar extra munten. Lekker ite en lekker snobje….

Seal dizze wike

Sealteam SDS moat woansdeitejûn nei de Jouwer foar harren wedstriid tsjin Haskerland 4.

Programma sneon

Foar kommende sneon gjin wedstriid foar SDS 1 en SDS 2. Wol tal fan oare teams sille los. Sjoch yn it menu bij Wedstrijden

Goed nijs

Wij hawwe goed nijs oer âld SDS 4 spiler en grut supporter fan SDS Ate Vellinga. Hij kin werom nei Wommels en krijt in keamer yn Nij Stapert. Dat sil de kommende wiken al plak fine hawwe wij begrepen.

Doelpunten

SDS 4 hat sneon wer twa kear skoard. De doelpuntenmakkers hiene jim noch te goed: Eeltje Postma (frije traap fan sa’n 20 meter) en Ids de Boer.

SDSers der op út


Bertus Procee en Femke Hylkema hiene sneon in unike belibbenis. Lânskampioen Leicester moast op besite bij Millwall (twa klassen leger) foar de FA kup en dêr ferlearen se mei 1-0…..Femke en Bertus seagen harren de eagen út, filmen de lêste minuten fan de wedstriid. en rockten dêrnei as wiene se Status Quo.   Sjoch hjir