Weppers tiisdei 21-1

Weppers moandei 20-1
19 januari 2014
Grinsweppers
22 januari 2014

SDS-sealtoernoai op 25 jannewaris
Kommende sneon 25 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Jim kinne jim
hjir opjaan. De list is wer bywurke en sûnder blessures en lju dy ’t twa kear meidwaan wolle steane der no 21 op “papier”.

Traine SDS 2 en/of +3?
SDS 2 en 3 soenen juster traine op it keunsgers fan WPB, mar der wienen mar 2+3 man………

Programma SDS 2 en 3
Kommende tongersdei traine SDS 2 en 3 wer yn de seal fan 21.00-22.00. Sa ’t it no stiet sil SDS 2 sneon oefenje tsjin de ploech fan Marco Hoekstra, Scharnegoutum 1, om 14.30 yn Skearnegoutum.

Traine A’s
De A’s fan SDS sille jûn foar it earst wer los.

Grinsrjochters
Grensrechtersvlag
Op freedtejûn 24 Jannewaris, sil der yn de kantine in instruksje jûn foar ‘de grinsrjochter’ wurde hâlden. Dit is foar alle leden, vrijwillegers, spilers, lieders, trainers, âlders, bestjoersleden, en oare belangstellenden dy wol ris foar SDS in flagge yn de hân hâlde of gean hâlden.
It begjin is om 20.00 oere. It sil likernôch in oere duorren. Der sil oan de hân fan foarbylden wurde útlein wat de taak fan in grinsrjochter is en ek de útlis fan de butenspul rigels. Tidens de instruksje is der tiid om fragen te stellen dy’t der mochten weze ta oansjen fan ‘alle’ spulrigels.
Nei de instruksje en fragen kinne wy wat versnapperingen keapje oan de bar.
Mochten jimme bepaalde oare ûnderwerpen besprutsen wolle hawwe dizze jûn, dan is dat mooglik, mar sjit dan Auke Eringa, Friso Albada en Douwe Reitsma efkes fan te foaren oan.
Hooplik oant sjen op 24 Jannewaris!

Alderaardichst
It ferskil tusken it fuotbal no en sa ’n 20 jier werom:
fashion2
Ian Wright en Paul Gascoigne tidens in training fan it Ingelske team yn de jierren 90.

Harsens derby(1194)
Folgende moanne wurdt Willem van Hanegem 70 jier. Hy stie as fuotballer û.o. bekend om syn “bananeskotten”. Soks as dit bygelyks: