Weppers moandei 20-1

Weppers snein 19-1
18 januari 2014
Weppers tiisdei 21-1
21 januari 2014

SDS-sealtoernoai op 25 jannewaris
Kommende sneon 25 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Jim kinne jim hjir opjaan. De earste 20 steane al op papier. Jurjen Los docht sels twa kear mei…..
Ids de Boer heaket ôf, want hy blykt in skuorke yn syn ankel te hawwen.


Traine SDS 2 en 3
SDS 2 en 3 traine jûn op it keunsgers fan WPB fan 20.15-21.45(?)

Traine A’s
De A’s fan SDS begjinne fanôf tiisdei wer te trainen.

Programma sneon
Kommende sneon stiet de wedstriid SDS 1 – TOP 1 op it programma.

Grinsrjochters
Grensrechtersvlag
Op freedtejûn 24 Jannewaris, sil der yn de kantine in instruksje jûn foar ‘de grinsrjochter’ wurde hâlden. Dit is foar alle leden, vrijwillegers, spilers, lieders, trainers, âlders, bestjoersleden, en oare belangstellenden dy wol ris foar SDS in flagge yn de hân hâlde of gean hâlden.
It begjin is om 20.00 oere. It sil likernôch in oere duorren. Der sil oan de hân fan foarbylden wurde útlein wat de taak fan in grinsrjochter is en ek de útlis fan de butenspul rigels. Tidens de instruksje is der tiid om fragen te stellen dy’t der mochten weze ta oansjen fan ‘alle’ spulrigels.
Nei de instruksje en fragen kinne wy wat versnapperingen keapje oan de bar.
Mochten jimme bepaalde oare ûnderwerpen besprutsen wolle hawwe dizze jûn, dan is dat mooglik, mar sjit dan Auke Eringa, Friso Albada en Douwe Reitsma efkes fan te foaren oan.
Hooplik oant sjen op 24 Jannewaris!

TKB
Op Tweenul.nl stiet in aldereigenaardichst ferslach oer de wedstryd Knickerbockers 1 – VHK 1 wêr ’t SDS ek yn foarby komt. Jim kinne it hjir lêze.

Harsens derby(1193)
Sa kin it ek fansels! De bal “gewoan” werom koppe: