Weppers tiisdei 20-1

Nijjierssealtoernooi B-junioren
19 januari 2015
Wa kin helpe?
20 januari 2015

SDS 2 nei Dronryp
SDS 2 traint jûn û.l.f. Piet Roersma om 20.00 oere op it keunstgêrs yn Dronryp.

SDS A1 yn Easterein
SDS A1 traint jûn om 19.30 yn Easterein.

SDS 4 en 5 de seal yn
Woansdeitejûn om 20.30 oere geane SDS 4 en 5 de seal yn. Fansels nimme se in eurootsje mei. Hjirmei riede sy harren al hielendal ta op it SDS-sealtoernoai fan kommende sneon.

SDS-Sealtoernoai
Kommende sneon 24 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. Ek âld-SDS’ers binne wolkom.
It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Opjaan hjir foar kin hjir.

Ut in âlde Treffer

Juster stie op de side in kreas ferslach fan Anneke Gaastra oer D3. Altiten moai dat der in ferslachje is en miskien foar letter ek wol leuk. Nim no heit Theun, dy keepte neffens ús froeger.Wij seagen yn it archyf (Treffer 1983) en ja hear as spiler fan C2 mocht Theun it ferslach skriuwe. Ek net ferkeard. Klik op de tekst foar in fergrutting

Harsens derby (1415)
As troch de tonger rekke………